Túfstirns
| Túfstirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thalasseus bergii | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
fersprieding |
De túfstirns of toefstirns (Thalasseus bergii, ek wol Sterna bergii) is in fûgel yn it skaai klikstirnzen (Thalasseus) út de famylje seefûgels (Laridae) .
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte is sawat 46 oant 49 sm lang, hat in in spanwiidte fan likernôch 125 oant 130 sm en weaget 325 oant 397 gram. De foarholle en de ûnderkant binne wyt, de rêch is griis. Winterdeis is de rêch bleker. De swarte túf is dan foar in part wyt en it efterste diel minder effen swart. De snaffel is grienich giel en de poaten binne swart. Beide skaaien fan folwoeksen fûgels binne yn uterlik itselde.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De túfstirn komt foar yn 'e tropyske en subtropyske dielen fan 'e Alde Wrâld en briedt fan Súd-Afrika oan 'e Yndyske Oseaan oant nei it eastsen de sintrale Stille Oseaan en Austraalje. Nei it briedseizoen ferspriede se har oer in grut gebiet.
Der binne fjouwer ûndersoarten bekend:
- Thalasseus bergii bergii (ynklusyf enigma ) – briedt oan 'e kust fan súdlik Afrika (Namybje oant Mozambyk).
- Thalasseus bergii thalassinus - briedt yn Tanzania, de Seysjellen, op Aldabra, Rodrigues en noardlik Madagaskar; ferspriedt him nei it noarden nei Somaalje en nei it suden nei súdlik Madagaskar.
- Thalasseus bergii velox – briedt fan 'e Reade See en noardwestlik Somaalje oant de Maldiven, Myanmar en Sry Lanka.
- Thalasseus bergii cristatus (ynklusyf gwendolenae ) – briedt fan 'e Ryukyu-eilannen oant súdeastlik Sina oant de Filipinen, Grutte Sûnda-eilannen, Wallacea, Nij-Guineä, Austraalje en de tropyske Stille Oseaan oant súdeastlik Polyneezje.
De soarte waard oarspronklik beskreaun as Sterna bergii troch de Dútske natuerkundige Martin Lichtenstein yn 1823. Resultaten fan mitochondriale DNA-stúdzjes (Bridge, 2005) jouwe oan dat de trije typyske koppatroanen fan stirnzen (gjin swarte kroan, swarte kroan en swarte kroan mei wite foarholle) oerienkomme mei trije ferskillende klades. Op basis dêrfan waard foarsteld om de túfstirns te ferhûzjen nei it skaai Thalasseus, dat al yn 1822 beskreaun wie troch Heinrich Boie, mar ferlitten waard oant de resultaten fan Bridge's (2005) stúdzjes de needsaak foar in apart skaai útstelden.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte hat syn nêst yn tichte koloanjes oan 'e kust en op eilannen. De fûgels sykje ek ûngewoane nêstplakken lykas dakken of keunstmjittige eilannen yn sâltpannen en rioelwettersuveringsynstallaasjes.Lykas oare soarten yn it skaai Thalasseus siket de túfstirns faak op see nei fisk troch te dûken. As ûnderdiel fan 'e hôfmakkerij biedt it mantsje it wyfke gauris in fiskje oan. Túfstirnzen folgje faak fiskersboaten om te profitearjen fan 'e weismiten byfangst.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne gjin wrâldwide bedrigingen foar de fûgel bekend en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018), mar lokaal ha minsklike aktiviteiten lykas de fiskerij, jacht en it rispjen fan aaien ta in ôfname fan 'e oantallen laat.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel eart Karl Heinrich Bergius (1790–1818), in Prusyske apteker, botanikus en natuerkundige, dy't fan 1816 oant 1818 oan de Kaap fûgels sammele foar it Berlynske Museum.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Klikstirns
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mauritsius
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen yn de Grutte Oseaan
