Springe nei ynhâld

Túfpinguïns

Ut Wikipedy
Túfpinguïns
Westlike rotspinguïn
Westlike rotspinguïn
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:pinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaitúfpinguïns (Eudyptes)
Vieillot, 1816

De túfpinguïns of toefpinguïns (wittenskiplike namme: Eudyptes) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae)

Alle soarten yn it skaai ha in opfallende túf fan giele oant oranje fearren, dy't boppe it each nei efter yn 'e nekke as in plûm hingje. De boppedielen binne swart oant laaigriis en ûnder binne se wit. Se wurde 50 oant 75 lang en 2 oant 6 kg swier. De poaten binne koart en ha sterke klauwen, dy't handich binne by it klimmen op rotseftige grûn (yn it Ingelsk ha guon soarten yn it skaai dêrfandinne de namme rockhopper).

Alle soarten libje yn 'e súdlike helte fan 'e Stille, Atlantyske en/of Yndyske Oseaan. De measte soarten briede op lytse, ôfhandich lizzende eilannen sûnder rôfdieren. It nêst is op hurde hellingen, guon soarten kieze ek plakken ûnder strûken. De measte soarten lizze twa aaien. Opfallend by de fûgels yn it skaai is dat it earste aai folle lytser is as it twadde aai en dat jildt namste mear foar de grutte túfpinguïn.

De fûgels binne oanpast oan in rûch klimaat mei kâlde wetterstreamen. Se briede yn 'e regel yn grutte, tichte koloanjes, faak op steile rotskusten of subantarktyske eilannen. De measte soarten komme allinnich yn 'e briedtiid en foar it ferfearjen oan lân, de rest fan 'e tiid foerazjearje se op iepen see.

Se kinne tige goed dûke fan 20 oant 60 m djip, guon soarten geane noch djipper as 100 m. Se foerazjearje op kreefteftigen, krill, lytse fisken en inketfisk.

In grut part fan 'e soarten wurde bedrige yn it bestean en de oantallen fan 'e measte soarten binne yn desinnia tiid dramatysk ôfnommen. Klimaatferoaring en it oerbefiskjen foarmje in grutte bedriging foar de túfpinguïns.

Der binne hjoed-de-dei noch acht soarten yn it skaai. De Chathampinguïn is bekend fan subfosile bonken en stoar nei alle gedachten gaueftich út nei't Polyneezjers om 1500 hinne op 'e Chatmaneilannen oan lân gyngen.

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus
Trend
Eudyptes chrysocomewestlike rotspinguïnPatagoanje, Falklâneilannen, Súd-Georgje, Kerguelen, Heard en de McDonaldeilannenkwetsber
[1]
Eudyptes chrysolophusmacaronipinguïnSúd-Georgje, súdlike Sandwicheilannen, Kerguelen, Heard, Bouvet, súdlike Orkneyeilannenkwetsber
[2]
Eudyptes moseleyinoardlike rotspinguïnTristan da Cunha, Gough-eilânbedrige
[3]
Eudyptes filholieastlike rotspinguïnPrins Edward-eilannen, Crozeteilannen, Kerguelen, Heard Island, Macquarie, Antypoade-eilannen, Aucklandeilannen Campbelleilannenkwetsber
[4]
Eudyptes pachyrhynchusFjordlântúfpinguïnWestkust Nij-Seelânhast bedrige
[5]
Eudyptes robustusSnarestúfpinguïnSnareseilannenkwetsber
stabyl[6]
Eudyptes schlegeliwytwangpinguïnMacquarie-eilânnet bedrige
[7]
Eudyptes sclaterigrutte túfpinguïnBountyeilannen en Antypoade-eilannenbedrige
[8]


Boarnen, noaten en/as referinsjes: