Springe nei ynhâld

Túfmaina

Ut Wikipedy
túfmaina
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaimaina's (Acridotheres)
soarte
Acridotheres cristatellu
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De túfmaina of toefmaina (Acridotheres cristatellus) is in sjongfûgel út de famylje protterfûgels (Sturnidae).

De túfmaina is in middelgrutte protterfûgel. Hy is foar it measte part swart mei in túf op 'e foarholle. Yn 'e flecht is goed te sjen dat in part fan 'e bûtenste wjukfearren wyt binne. De sturt is wyt oan 'e úteinen. De snaffel is giel mei útsûndering fan it begjin oan 'e ûnderkant. De eagen en de poaten binne giel-oranje.

Mantsjes en wyfkes binne dreech fan inoar te ûnderskieden.

De túfmaina wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Acridotheres cristatellus cristatellus - komt foar fan eastlik Birma oant noardlik Yndosina, súdeastlik en sintraal Sina.
  • Acridotheres cristatellus brevipennis - komt foar op Hainan yn súdlik Sina.
  • Acridotheres cristatellus formosanus - komt foar op Taiwan.
Eksoat yn Osaka, Japan.

Untsnapte koaifûgels hawwe ek populaasjes fêstige yn Argentynje (Buenos Aires), Japan, Maleizje (Penang), [[Singapoer, de noardlike Filipinen (om Manila hinne) en Portegal. Sûnt de jierren 1980 wie der ek foar in lang skoft in populaasje yn Vancouver, Kanada, mar dy is no útstoarn. De fûgel wurdt sporadysk yn Tailân oantroffen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte wurdt yn iepen gebieten by beammen, faak yn lytse groepkes, sjoen. Hy yt fruit, ynsekten en wringeleazen. De fûgel briedt tusken april en augustus, op Taiwan fan maart en yn 'e Filipinen yn april-maaie.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De fûgel is gewoan yn it hiele ferspriedingsgebiet.

Sûnt 2025 wurdt de fûgel troch de EU as ynvasyf beskôge. It is dêrom yn 'e EU ferbean om de soarte te fokken, te ymportearjen, te hâlden, te ferhanneljen, út te wikseljen of te ferfieren.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: