Springe nei ynhâld

Túfljurken

Ut Wikipedy
Túfljurken
De typesoarte is de túfljurk.
De typesoarte is de túfljurk.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
famylje:ljurkfûgels (Alaudidae)
skaai:túfljurken (Galerida)
Boie, 1828

De túfljurken of toefljurken (Galerida) foarmje in skaai fan fûgels út de famylje fan 'e ljurkfûgels (Alaudidae). De fûgels út dit skaai binne benammen te werkennen oan har opfallende, spitse túf op 'e kop en libje foar it meastepart yn drûge, iepen lânskippen, steppes en healwoestinen yn Jeraazje en Afrika.

Túfljurken binne middelgrutte, griisbrune fûgels dy't oer it algemien wat mear op 'e grûn libje. Se ha oer it generaal in ûnopfallend fearrekleed, dat se in goede kamûflaazje biedt yn drûch of stiennich terrein. It meast opfallende skaaimerk is harren túf. De snaffel is faak wat langer en steviger as dy fan 'e gewoane ljurk en geskikt foar it sykjen nei sied en ynsekten op en yn 'e grûn.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarten út dit skaai foerazjearje op 'e grûn en it binne faak stânfûgels dy't har briedgebiet net graach ferlitte. Se briede yn in ûndjip kûltsje op 'e grûn. Se sjonge meast heech yn 'e loft of op in ferheging lykas in peal. It dieet bestiet benammen út sied, gers en ferskate ynsekten.

It skaai Galerida omfiemet seis erkende soarten. De Galerida cristata macrorhyncha (de langsnaffelljurk of de Mahrebljurk) troch guon autoriteiten lykas de IOC World Bird List as in selsstannige soarte beskôge, yn stee fan in ûndersoarte fan 'e gewoane túfljurk (Galerida cristata).

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus
Trend
túfljurkGalerida cristataEuropa, Aazje, Noard-Afrika[1]
TheklaljurkGalerida theklaeIbearysk Skiereilân, Noard- en East-Afrika[2]
MalabarljurkGalerida malabaricaYndia (súdwestlik diel)[3]
SykesljurkGalerida deva(ynlânsk) Yndia[4]
sinneljurkGalerida modestaSahel en West-Afrika[5]
grutsnaffelljurkGalerida magnirostrissúdlik Afrika (Súd-Afrika, it súdlikste part fan Namybje)[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: