Springe nei ynhâld

Túfielgoes

Ut Wikipedy
túfielgoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljeielgoesfûgels (Phalacrocoracidae)
skaaitúfielguozzen (Gulosus)
soarte
Gulosus aristotelis
Linnaeus, 1761
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel

     wintergast


De túfielgoes of de toefielgoes (Gulosus aristotelis, synonym: Phalacrocorax aristotelis) is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). Gulosus is op basis fan molekulêr genetysk ûndersyk ôfsplitst fan it skaai Phalacrocorax.

Túfielguozzen.

De fûgel wurdt 68 oant 78 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 95 oant 110 sintimeter. Hy is wat lytser as de (gewoane) ielgoes en hat in tinnere en lytsere kop en ek in tinnere snaffel. Folwoeksen fûgels hawwe in swart fearrekleed mei in griene glâns, wylst de wjukken in swart skobbich patroan mei in pearse glâns hawwe. Yn it folwoeksen briedkleed hat de túfielgoes in opfallende túf op 'e kop dêr't er de namme oan tanket. De snaffel is donker mei in opfallend giele mûlhoeke. De iris is felgrien.

Juvenilen ha in donkerbrune boppekant en in ljochtbrune ûnderkant mei in wyteftich kin.

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De túfielgoes komt foar op 'e rotskusten fan Noarwegen oant Noard-Afrika. Túfielgoazen binne komselden ynlânsk te sjen. De soarte telt trije ûndersoarten:[3]

  • G. a. aristotelis: Yslân en westlik Jeropa
  • G. a. riggenbachi: westkust fan Marokko
  • G. a. desmarestii: mediterraanske kusten en eilannen

Yn Nederlân is de túfielgoes seldsum en komt de soarte winterdeis yn lytse oantallen op wurkeilannen of pieren yn Seelân foar.

De túfielgoes is ien fan 'e djipst dûkende soarten yn 'e famylje. Se kinne somtiden wol oant 45 meter djip dûke en sykje it iten yn 'e bentyske sône - tichteby de seeboaiem. Se ite ferskillende soarten fisk en lizze grutte ôfstannen ôf tusken de rêstplakken en de foerazjearplakken.

De fûgel briedt oan 'e kust op rotsrânen, yn spjalten of lytse grotten. It nêst bestiet út in hoop rotsjend smjuntegers of tûkjes, dy't mei eigen ekskreminten (guano) oan inoar lime binne. It briedseizoen is lang; guon fûgels begjinne al yn febrewaris, wylst oaren pas yn maaie of noch letter begjinne. Trochstrings wurde der trije aaien lein. By it útkommen binne de jongen keal en sûnder dûns. Foar de waarmte binne se hielendal ôfhinklik fan 'e âlders. De jongen fleane tusken de earste helte fan juny oant ein augustus út, somtiden sels net earder as healwei oktober.

Ofbylden

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2015 rûsd op 230.000-240.000 fûgels. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: