Sytske

Ut Wikipedy

Sytske, yn it Nederlânsk skreaun as Sietske of Sietsche, is in Fryske famkesnamme. De namme komt yn ferhâlding it measte foar yn Fryslân, mar wurdt fierders ek oeral yn Nederlân fûn en ek yn Belgje[1].

De grûnfoarm fan de namme is Siet. De krekte betsjutting fan dizze grûnfoarm is net hielendal duidelijk. Ornaris wurdt der de betsjutting "Sege, oerwinning" oan jûn, wêrby't der dan fan útgien wurdt dat de nammefan Germaansk komôf is, en besibbe is oan it Dútske wurd "sieg". Faaks komt de namme lykwols fan it Aldfryske wurd "side" (sede) of "sîth" (selskip)[2].

Sytskes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.voornamelijk.nl -De offisjeuze top 1000 fan foarnammen yn Belgje yn 2003 en 2004 seit dat de namme "Sietske" yn 2003 op it 969e plak fan poppenammen stie
  2. Nederlandse Voornamen Databank, Meertensynstitút