Syrinks (orgaan)
Appearance

In syrinks (fan it Aldgrykske σῦριγξ, surinx, "panfluit") is it "spraak"-orgaan fan fûgels. Dat orgaan befynt him oan 'e ein fan 'e luchtpiip, dêr't dy him opspjalt nei de bronchyen, dy't nei de beide longen liede.
De syrinks makket lûd sûnder dat dêr de by sûchdieren gebrûklike stimbannen oan te pas komme. Dat lûd wurdt produsearre troch it triljen fan in kombinaasje fan kreakbien en membranen, oanstjoerd troch tige flugge spieren mei in bewegingstiid fan minder as 10 milisekonden.
Guon fûgels, lykas pappegaai-eftigen, kinne mei de syrinks minsklike spraak neibeare. By ferskate sjongfûgels kin de syrinks mear as ien lûd tagelyk produsearje.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
