Syndroom fan Wolff-Parkinson-White
Appearance
| Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
It syndroom fan Wolff-Parkinson-White (ek wol WPW-syndroom) is in oanberne ôfwiking, dy't 1,3 per 1000 minsken treft, wêrby't de elektryske prikkels earder de keamers berikke kinne, mei oanfallen fan in fierstente flugge hertslach as gefolch. By it syndroom fan Wolff-Parkinson-White is der in twadde ferbining tusken de boezems en de hertkeamers. Normaal binne de twa boezems en keamers elektrysk faninoar skieden troch bynweefsel op ien liedingssysteem nei. De ekstra ferbining by it syndroom fan Wolff-Parkinson-White, de "bondel fan Kent" is ferantwurdlik foar in abnormale prikkelbegelieding yn it hert.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
