Synagoge fan Subotica

Ut Wikipedy
Synagoge fan Subotica

Суботичка синагога

Lokaasje
lân Servje
plak Subotica
koördinaten 46° 6'N 19° 39'E
Oare gegevens
status Net mear yn gebrûk
Arsjitektuer
arsjitekt Marcell Komor en Dezső Jakab
boujier 1901-1903
boustyl Jugendstil
Webside
Webstee
Kaart
Synagoge fan Subotica (Servje)
Synagoge fan Subotica

De Synagoge fan Subotica, yn de op ien nei grutste stêd fan de provinsje Vojvodina en de op fjouwer nei grutste stêd fan Servje, waard tusken 1901 en 1903 boud.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 18e iuw waard it de hanneler Jakab Herschel tastien him yn Subotica nei wenjen te setten. Hy wie de earste joad yn de stêd en dêrnei naam it tal joaden stadichoan ta. Yn 1775 waard der in joadske mienskip oprjochte. Mei de lykberjochtiging fan de joaden yn 1867 naam de ekonomyske en kulturele ynfloed fan de mienskip ta.

De synagoge yn de earste helte fan de 20e iuw

De Twadde Wrâldoarloch makke in ein oan it rike libben fan de mienskip. De lannerijen en bosken fan 58 joaden, 2 mûnen, 14 fabriken, 158 winkels, 18 gruthannels, 48 wurkpleatsen, in printerij, ytgelegenheid en ferpleechynstellings waarden yn beslach nommen. Manlju waard nei wurkkampen stjoerd om minen te romjen oan it Ukraynske front. Op 19 april 1944 foel it beslút om "it lân fan joaden skjin te meitsjen" en de útfiering dêrfan begûn op 26 april. Fan de 6.105 fuortfierde joaden fan Subotica kamen mar 1.065 werom.[1] Dêrfan emigrearre it grutste part nei yn 1948 Israel. Yn 2004 bestie de joadske mienskip út 204 leden.[2]

De bou fan de nije synagoge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De synagoge waard tusken 1901 en 1903 foar de doe likernôch 3.000 sielen tellende joadske mienskip op it plak fan in lytsere foargonger boud yn in tiid doe't Vojvodina noch by it Keninkryk Hongarije hearde.

Koepel

It ûntwerp wie fan Marcell Komor en Dezső Jakab út Bûdapest en fertsjintwurdiget de Jugendstil mei dekoraasjes út de Hongaarske folkskeunst. De sintrale koepel wurdt troch acht izeren pylders droegen. Trije portalen liede nei in foarhal, dêr't fjouwer treppen tagong jouwe nei de galery foar de froulju.

It earste konsert dat Radio Belgrado útstjoerde wie yn 1932 út de synagoge fan Subotica wei.

Sûnt 1974 is de net mear as sadanich funksjonearjende synagoge in beskerme monumint. De synagoge krige yn 2009 it predikaat "Kultuermonumint fan Utsûnderlik Belang" en wurdt sûnt dy tiid beskerme troch de Republyk Servje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: