Synagoge fan Snits
De Synagoge fan Snits is it eardere godshûs fan de Joadske mienskip fan Snits, dat foarhinne yn de Snitser binnenstêd stie.
De synagoge, in ûntwerp fan Albert Breunissen Troost, waard yn 1836 boud oan de Wide Burchstrjitte. Yn 1880 waard op itselde steed in nije synagoge boud. It gebou hie trije tuorren yn de foarm fan minaretten en waard yn 1905 restaurearre. Foardat it gebou setten waard, die ûnder oare in boppekeamer oan de Dimpte Pôle tsjinst as gebedsromte.
Yn de Twadde Wrâldoarloch is de synagoge finaal fernield troch NSB'ers. Nei de oarloch, yn 1949, binne de restanten (besteande út allinnich de muorren) ek fuorthelle. Sûnt dy tiid hat Snits gjin synagoge mear.
Op de lokaasje is letter in winkelpân setten, dat no (2010) in winkel fan Bart Smit húsfestet. Foar it pân stie in tinkstien, dy't letter ferhuze nei de Stedhûstún.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|