Professor Bas Bloem oer de sykte fan Parkinson – Universiteit van Nederland
De sykte fan Parkinson is in degenerative sykte yn it sintraal senuwstelsel wêrby't senuwsellen stadichoan ôfstjerre ("degenerearje"). Dit liedt yn it foarste plak ta steurnissen yn de motoryk; Parkinson wurdt dêrom as bewegingssteurnis beskôge. Gedrachssteurnissen as gefolch fan Parkinson binne lykwols op syn minst like grut as de lichaamlike gefolgen. Parkinson komt benammen foar by minsken boppe de 60. Yn dy leeftiidskategory komt de sykte foar by 1% fan de befolking. By manlju komt parkinson faker foar as by froulju.