Sykjen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Sykjen is it "finen" fan in oplossing, dêr't ta dat doel mooglike oplossings by besjoen wurde. Dat is oars as by redenearje, dêr't troch bewiisbere stellings de oplossing blyn út de mooglike oplossings selektearre wurdt.

Op it Ynternet is it sykjen tige wichtich. It kin wêze dat der mear minsken op websiden komme mei help fan in syktsjinst as fia de struktuer fan it webstee. Dat hat syn ynfloed op de opmaak fan de side, om't eltse side genôch ynformaasje hawwe moat om as mooglike earste side te funksjonearjen. In wat grutter webstee had ornaris ek in eigen sykfunksje. Sa hat eltse side fan dizze wikipedy in sykfjild dêr't mei socht wurde kin troch de ensyklopedy. In sykfjild mei wat mear mooglikheden stiet op de side Wiki:Sykje; mear útlis oer it sykjen op de Fryske Wikipedy stiet op Wikipedy:Sykje.

Ek yn de kompjûterkunde hawwe sykalgoritmen in wichtige rol: By in ienfâldich algoritme kin it wêze dat wier eltse mooglike oplossing besjoen wurde moat; bettere algoritmes kombinearre it sykjen feitlik mei stikjes foarprogrammearre redenaasje, dy't groepen fan oplossings útslute troch der ien fan te besjen.