Swynsmastate
Appearance
Swynsma State wie in state yn Hantumhuzen, benoardeasten de Sint-Annetsjerke. Fan it hûs is neat werom te finen.
De Schotanuskaart fan 1634 jout de namme Swynsma net. Op de TMK fan 1851-55 en yn de Atlas fan Eekhoff (1849-59) stiet Swynsma State oanjûn as in pleats, krekt boppe it krúske (de tsjerke) yn Hantumhuzen.
De namme Swynsma wurdt yn it ûnthâld holden troch de namme fan it hûs oan de Wierumerwei nr. 6 Lyts Swynsma. Ien fan de eardere eigeners en brûkers wie Gosse Gerrijts Heringa, (* 1644 -, † Hantumhuzen, 14 maaie 1701), ûntfanger fan Nes en troud yn Hantum/Hantumhuzen op 23 juny 1672 mei Trijntje Wobbes, in widdo fan it Kollumer Nijlân.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- - 1701 Gosse Gerrijts Heringa
- 1728 1728 Gerryt Gosses, Jan Jilderda en Rein Theunis, elts foar 1/3
- 1832 Mame Annes Hiemstra
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |