Springe nei ynhâld

Ferwyldere kat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Swerfkat)
In koloanje ferwyldere katten.

In ferwyldere kat, ek wol in swerfkat neamd, is in hûskat (Felis catus) dy't troch in proses fan ferwyldering wer weromkeard is nei de oarspronklike wylde steat fan syn fiere foarâlden. Ferwyldere katten libje bûtendoar, moatte sels iten sykje (hoewol't se soms byfuorre wurde troch bisteleafhawwers), en mije elts kontakt mei minsken. Se litte har net aaie of fêstpakke en hâlde har ornaris ferburgen foar minsken, of it moat wêze dat se witte dat der fretten te heljen is. Se komme foar op it plattelân en yn 'e stêd en foarmje op in protte plakken yn 'e wrâld in toprôfdier yn it biotoop dêr't se yn tahâlde. As dat op in plak is dêr't de lânseigen fauna net evoluëarre is om mei sokke rôfdieren om te gean, kinne se dêr as ynvasive eksoat in ekologyske ramp oanrjochtsje. Ferwyldere katten plantsje har omraak fuort. Ofskot helpt net om't it territoarium fan 'e deade kat daliks ynnommen wurdt troch in oarenien. It is better om ferwyldere katten te fangen, te sterilisearjen en wer los te litten, sadat se har net mar fuortplantsje kinne.

Ferwyldere katten hawwe in kosmopolityske fersprieding: se komme foar op alle wrâlddielen útsein Antarktika, en teffens op 118 fan 'e 131 gruttere arsjipellen, sels oan sokke isolearre, ûnbewenne eilannen ta as it Frânske Kerguelen, yn 'e súdlike Yndyske Oseaan, en de tropyske Kermadeceilannen, yn 'e Stille Súdsee benoarden Nij-Seelân. Neffens in skatting út 2021 soene der doe wrâldwiid 480 miljoen ferwyldere katten west hawwe. (Ta ferliking: deselde skatting hold it derop dat der 220 miljoen nuete hûskatten yn 'e wrâld wiene.)

In ferwyldere kat yn it Kroätyske Drašnice.

Ferskate lytse kateftigen dy't foarhinne as selsstannige soarten beskôge waarden, ntl. de Kretinzyske wylde kat, de Sardynske wylde kat en de Korsikaanske wylde kat, wurde tsjintwurdich wol sjoen as tige âlde, isolearre populaasjes ferwyldere katten, al is dat anno 2025 foar wat de lêste beide bisten oanbelanget noch gjin útmakke saak.

De Universiteit fan Wageningen skatte yn 2015 dat der doe tusken de 135.000 en 1,2 miljoen ferwyldere katten yn Nederlân libben.[1] Se komme yn it hiele lân foar, ek op 'e Nederlânske Waadeilannen. Yn 2013 waard de populaasje op Skiermûntseach bygelyks rûsd op 50–60 eksimplaren.[2]

De kat is in tige adaptyf bist, dat him oan alle libbensomstannichheden oanpasse kin, útsein de meast ekstremen. Sadwaande komme ferwyldere katten foar yn hast alle biotopen, fan 'e iepen flakte oant yn berchtmen en fan toendra en de woastyn oant it tropysk reinwâld en moerassen. Se libje op it plattelân, mar komme ek yn 'e grutte stêden foar, dêr't se swerfkatten neamd wurde en yn fertutearze stegen en efterôfstrjitsjes tahâlde.

In koloanje ferwyldere katten yn it Largo di Torre Argenina yn Rome. (Foto troch Paolo Monti, 1969.)

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferwyldere katten binne tige skou en mije fan natuere minsken. Yn 'e regel hâlde se har ferburgen as se minsken oankommen hearre, of it moat wêze dat se witte dat se fuorre wurde sille. Dan noch litte se har net aaie of fêstpakke en skrilje se tebek en naaie út as in minske neieroankommen siket. As se fongen wurde, blaze en grânzgje se, litte de tosken sjen by wize fan dúdlik drigemint en slane fan har ôf mei útskode klauwen. Ferwyldere katten dy't (by)fuorre wurde troch bisteleafhawwers kinne stadichoan wat mear wend reitsje oan 'e oanwêzigens fan minsken, mar fierder as it duldzjen fan harren oanwêzigens op in feilige ôfstân giet dat oer it algemien net.

De measte ferwyldere katten hawwe territoaria dy't neat te grut binne, hoewol't party swalkers binne dy't langere ôfstannen ôflizze. It territoarium fan in boarre is ornaris 2–3 kear sa grut as dat fan in poes. It hat in oerflak fan 1–300 ha, ôfhinklik fan 'e omstannichheden, hoewol't de trochsneed grutte om 'e 10 ha hinne leit. Omstannichheden dy't ynfloed hawwe op 'e grutte fan it territoarium binne: de beskikberens fan proaidieren, de tiid fan 't jier (yn 'e peartiid is it territoarium grutter), de leeftyd fan 'e boarre en de fraach oft er kastrearre is of net.

Benammen yn stedske fermiddens foarmje ferwyldere katten gauris koloanjes deunby itensboarnen. Yn sa'n koloanje hearsket in dominânsjehierargy wêrby't elts lid syn plak yn 'e pikoarder ken. Wittenskippers hawwe by koloanjes ferwyldere katten ferskate foarmen fan dominânsjehierargyen waarnommen, wêrûnder despoatyske hierargyen (mei ien kat dy't de baas is oer alle oaren) en lineêre hierargyen (mei in struktuer as fan 'e triemmen fan in ljedder). Guon koloanjes binne op in folle yngewikkelder wize organisearre, bgl. mei in relative hierargy, wêrby't de sosjale status fan yndividuele leden fariëarret nei lokaasje, tiid fan 'e dei en aktiviteit (yn 't bysûnder iten en pearjen). As koloanjes deun byinoar libje yn in grutte stêd, bewege guon katten har frij fan 'e iene nei de oare koloanje.

Dat it ferwylderingsproses net genetysk is, wurdt bewiisd troch it feit dat jongkatsjes fan in ferwyldere poes sûnder swierrichheden sosjalisearre wurde kinne ta in nuete hûskat. Dêr moat lykwols net al te lang mei wachte wurde. De krekte leeftyd dat sosjalisearring problematysk en ferwyldering suver ûnomkearber wurdt, binne saakkundigen it net oer iens, mar dy leit earne tusken de 7 wiken en 4 moannen yn. Hoewol't âldere katten soms ek wol sosjalisearre wurde, is it dan in tige lang en dreech proses, en de kat wurdt mar selden freonlik foar minsken oer en bliuwt faak eangstich.

In ferwyldere jongkatsje makket in wylde knyn lytsman.

Katten binne karnivoaren. Yn pleatslike ekosystemen binne ferwyldere katten rôfdieren fan middelrang of toprôfdieren. Se bejeie in breed ferskaat oan dierte, wêrûnder sawol wringedieren as wringeleazen, yn 'e regel mei in lichemsgewicht fan minder as 100 g. De proaien binne benammen kjifdieren, hazze-eftigen, lytse fûgels en hagedissen. Ut in ûndersyk út 2015 kaam oan it ljocht dat wrâldwiid de meast bejage proaisoarten fan ferwyldere katten wiene: de hûsmûs (Mus musculus), de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), de swarte rôt (Rattus rattus), de mosk (Passer domesticus) en de lyster (Turdus merula). Yn Austraalje waard in ferwyldere kat fotografearre by it bejeien en deadzjen fan in folwoeksen readpoatpademelon (Thylogale stigmatica), in soartemint 'dwerchkangoeroe', dy't mei in gewicht fan 4 kg it eigen gewicht fan 'e kat belykje koe.

Hoewol't de measte ferwyldere katten sels har kostje byinoar sykje moatte, wurde guon stedske koloanjes fuorre troch bisteleafhawwers. Foarbylden binne de koloanjes by it Colosseum en it Forum Romanum yn Rome, dy't sa bekend wurden binne dat se útgroeid binne ta toeristyske trekpleisters. Yn havens yn bgl. Itaalje en Japan libje ek koloanjes ferwyldere katten dy't fuorre wurde troch de pleatslike fiskers mei byfangst en it yngewant fan 'e fongen fisk.

Effekten op oare bisten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferwyldere katten binne tige effisjinte jagers, dy't net inkeld jeie as se ferlet fan iten hawwe, mar ek om't it harren ynstinkt is. Wannear't dat ynstinkt prikele wurdt, geane se efter in proai oan, ek as se gjin honger hawwe.

Yn 2013 waard by in ûndersyk fêststeld dat de populaasje fan 50–60 ferwyldere katten op Skiermûntseach elts jier 24.000 fjildmûzen (Microtus arvalis), 18.000 hazzen (Lepus europaeus) en wylde kninen (Oryctolagus cuniculus) en 6.000 lytse fûgels opfret. Op it earste gesicht liket dat net iens sa ûngeunstich: se hâlde de kjifdierestân wat ûnder kontrôle en it tal fûgels dat se fersline, falt ta. Mar de fjildmûzen binne ek it foarnaamste fretten foar kwetsbere gruttere fûgels, lykas hoanskrobbers en ûlen, dy't troch de fraatsucht fan 'e ferwyldere katten yn 'e knipe komme.[2]

In ferwyldere kat hat it foarsjoen op in do.

Yn 'e Feriene Steaten wolle guon natoerbehearders ferwyldere katten brûke as in natuerlike manear om oare ynvasive eksoaten yn 'e besnijing te hâlden, lykas stedsdowen (Columba livia "domestica") en kjifdieren as de hûsmûs (Mus musculus) en de brune rôt (Rattus norvegicus). Mar dat binne bisten dy't sels, krekt as de kat, in kosmopolityske fersprieding hawwe, en dy't har yn Jeraazje yn 'e mande mei de (ferwyldere) kat ûntjûn hawwe. Dat bestjut dat se har al fan âlds oan 'e (ferwyldere) kat oanpast hawwe en yn ferhâlding ta lânseigen Noardamerikaanske kjifdieren masters binne yn it ûntwiken fan predaasje troch de ferwyldere kat. Undersiken yn Kalifornje ûnderstypje dat: dêryn is oantoand dat 67% fan 'e mûseftigen dy't troch ferwyldere katten yn 'e steat deamakke en opfretten wurde, eins yndividuën fan lânseigen soarten binne ynstee fan eksoaten, en dat der yn 'e neite fan koloanjes ferwyldere katten winliken gruttere hûsmûzepopulaasjes libje, mar minder lânseigen fûgels en lânseigen kjifdieren.

Yn gebieten dêr't de lânseigen fauna him alhiel sûnder de oanwêzigens fan lânrôfdieren ûntwikkele hat, lykas Nij-Seelân en de eilannen yn de Stille Súdsee, of dêr't folle minder of folle minder fûleindige lânrôfdieren foarkomme, lykas yn Austraalje, hawwe ferwyldere katten in ekologyske ramp oanrjochte. Dêr moat wol by oantekene wurde dat se dat net allinnich dien hawwe, mar yn 'e mande mei oare eksoatyske rôfdieren, lykas de foks (Vulpes vulpes) en de harmeling (Mustela erminea), en rôfsuchtige kjifdieren, lykas de brune rôt (Rattus norvegicus) en de swarte rôt (Rattus rattus). En úteinlings is fansels de minske de einferantwurdlike foar it hiele spul, mei't dy al dy bisten yntrodusearre hat yn gebieten dêr't se net thúshearre.

Mar it resultaat is dat beskate lânseigen bistesoarten útstoarn binne. Foarbylden binne: de bargepoatbûdeldas (Chaeropus ecaudatus), de lytse langearbûdeldas (Macrotis leucura) en de breedkopkangoeroerôt (Potorous platyops) út Austraalje, de Sudereilânpiopio (Turnagra capensis), de Nijseelânske seachbek (Mergus australis) en it Stephens-Islandtomke (Traversia lyalli)) út Nij-Seelân, de Chathamral (Cabalus modestus) en de dieffenbachral (Gallirallus dieffenbachii) fan 'e Chathameilannen, de Navassaglêdkopleguaan (Leiocephalus eremitus) fan Navassa (by Porto Riko) en de Kaapverdyske reuzeskink (Chioninia coctei) fan Kaapverdje.

In koloanje ferwyldere katten yn 'e haven fan it Italjaanske Messina, dy't lykwols geregeldwei fuorre wurde troch de pleatslike fiskers.

Oare lânseigen soarten, dy't mei troch tadwaan fan ferwyldere katten yn har fuortbestean bedrige wurde, binne û.o.: de boarstelsturtkangoeroerôt (Bettongia penicillata), Lesueurs boarstelsturtkangoeroerôt (Bettongia lesueur), de reade kangoeroerôt (Aepyprymnus rufescens), de grutte langearbûdeldas (Macrotis lagotis) en de numbat (Myrmecobius fasciatus) út Austraalje en de kakapo (Strigops habroptilus) út Nij-Seelân.

Hybridisearring mei wylde katten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn gebieten dêr't beskate soarten út it skaai fan 'e wylde katten (Felis) lânseigen binne, foarmje ferwyldere katten dan wer in bedriging foar de genetyske suverens fan dy bisten, mei't der geregeldwei krusings tusken wylde katten en ferwyldere katten plakfine. Soks bart bygelyks yn Skotlân, dêr't de lânseigen Skotske wylde kat (Felis silvestris grampia) slim bedrige wurdt trochdat der mar kwealk mear genetysk suvere yndividuën besteane dy't gjin ferwyldere hûskatten yn harren stambeam hawwe. Yn Skotlân komt ek de Kellaskat foar, dat gjin selsstannige soarte is, mar spesifyk in krusing fan 'e Skotske wylde kat mei de ferwyldere hûskat.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan ferwyldere katten binne benammen middelgrutte hûneftigen, lykas de prêrjewolf (Canis latrans) yn Noard- en Midden-Amearika, de goudjakhals (Canis aureus) en de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus) yn dielen fan Aazje en Jeropa, en de sealjakhals (Lupulella mesomelas), de streekte jakhals (Lupulella adusta) en de Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster) yn Afrika en de dingo (Canis lupus dingo) yn Austraalje. Oer de hiele wrâld foarmet ek de domestisearre en ferwyldere hûn (Canis lupus familiaris) bytiden in gefaar. Yn dielen fan Aazje en Afrika moatte katten ek oppasse foar gruttere kateftigen, lykas de karakal (Caracal caracal) en it loaihoars (Panthera pardus), en datselde jildt yn 'e Nije Wrâld foar de poema (Puma concolor). Grutte rôffûgels en ûlen binne benammen foar jongere eksimplaren in gefaar.

In ferwyldere kat mei in lyts hoekje fan syn lofterear knipt ta teken dat er alris fongen en sterilisearre is.

Sûnder feterinêre sûnenssoarch steane ferwyldere katten bleat oan gâns sykten en oandwanings, hoewol't by ferskate wittenskiplike ûndersiken fêststeld is dat se oer it algemien eins sûner binne as ferwachte wurde meie soe op basis fan statistiken oangeande bistedoktersbesiken fan nuete hûskatten. Wol hiene ferwyldere katten folle mear te lijen ûnder ektoparasiten, lykas de katteflie (Ctenocephalides felis) en de earmyt (Otodectes cynotis).

Minsklike hâldings foar ferwyldere katten oer rinne sterk útinoar: guon sjogge de bisten, alteast yn Jeropa, dêr't se al iuwenlang foarkomme, as in ûnderdiel fan 'e natoer, wylst oaren se as ûngedierte beskôgje dat útrûge wurde moat. Dat kin op eilannen faaks wol oprêden wurde, mar op it fêstelân liket der gjin begjinnensein oan te wêzen. It tal ferwyldere katten is gewoan te grut, en foar elts bist dat deade wurdt, nimt in oaren syn plak yn. In bettere, en op 'e lange termyn ek doeltreffendere metoade is om ferwyldere katten te fangen, te sterilisearjen en dan wer frij te litten, sadat se har net mear fuortplantsje kinne.

Yn Nederlân wurdt oer it algemien foar de lêste metoade keazen, mar de provinsje Fryslân hâldt as iennichste steech fêst oan syn ôfskotbelied. Sa waarden yn 'e twa en in heal jier fan jannewaris 2015 en july 2018 yn Fryslân troch fergunninghâldende jagers 728 ferwyldere katten deaskettten.[1]

Op guon eilannen yn 'e wrâld is de hiele populaasje ferwyldere katten útrûge ta beskerming fan 'e lânseigen fauna. Soks is bygelyks dien op Tristan da Cunha yn 1974, op Macquarie en Bouvet yn 2000, op Ascension yn 2006 en op Wake yn 2008.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 ——, 728 verwilderde katten afgeschoten, yn: de Ljouwerter Krante, 30 july 2018, s. 20.
  2. 1 2 Dalen, Roelof van, De Jachtluipaarden van Schiermonnikoog, yn: de Ljouwerter Krante, 23 febrewaris 2013, s. 5.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.