Springe nei ynhâld

Swelletangare

Ut Wikipedy
Swelletangare

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiswelletangarefûgels (Tersina)
Vieillot, 1819
soarte
Tersina viridis
Illiger, 1811
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swelletangare (Tersina viridis) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is de iennige soarte yn it skaai swelletangarefûgels (Tersina).

Wyfke.

De swelletangare wurdt 15 sm lang. It fearrekleed fan it mantsje is turkoaisk mei in wite búk en in swart masker mei swarte dwersstreekjes op 'e flanken. It wyfke dêrfoar oer is grien mei in ljochtere giele búk en flanken mei in skobbich patroan. Beide fûgels ha reade eachjes.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels libje yn pearkes of yn kloften fan mear fûgels.

De soarte libbet yn dielen fan 'e noardlike helte fan Súd-Amearika yn subtropysk en tropysk bosk en plantaazjes oant in hichte fan 1500 m. Der binne trije ûndersoarten:

Neffens in rûge rûzing fan 2022 bestiet de populaasje út 5.000.000 oant 50.000.000 folwoeksen fûgels. De fûgelsoarte hat in grut ferspriedingsgebiet, komt aardich algemien foar en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (2023).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: