Springe nei ynhâld

Swellesturtmiuw

Ut Wikipedy
swellesturtmiuw
Swellesturtmiuw yn simmerkleed.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiswellesturtmiuwen (Xema)
soarte
Xema sabini
Sabine, 1819
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     trekfûgel
     wintergast

De swellesturtmiuw (Xema sabini) is in arktyske miuw dy't tsjintwurdich as iennichste soarte yn it skaai Xema set wurdt, mar foarhinne ta it gruttere skaai Larus rekkene waard. De fûgel briedt yn it noardlikste part fan Noard-Amearika en Euraazje (fan Spitsbergen nei it easten). Winterdeis lûkt er nei gebieten yn de noardlike Stille Oseaan en de súdlike Atlantyske Oseaan foar de kust fan súdwestlik Afrika. Yn Europa wurdt de fûgel wolris waarnommen oan de kust.

De fûgel hat nei ferhâlding tige grutte wjukken en in lyts lichem. Hy hat in lytse kop en in frij tinne snaffel. De fûgel is sa'n 30–36 sm lang mei in wjukspanwiidte fan 80–87 sm en maklik te werkennen oan syn opfallende trijekleurige wjuktekening. Folwoeksen fûgels hawwe in ljochtgrize rêch en wjukdekfearren, swarte bûtenste slachpinnen en wite binnenste. It boarst, de ûnderkant fan it lichem en de wjukken binne wyt. De sturt is wyt en foarke. De snaffel is swart mei in giele punt. Yn 'e briedtiid hat de fûgel in griisswarte kop en in wite nekke; winterdeis is de kop wyt mei in swartgrize nekke. Juvenilen hawwe in ferlykber patroan, mar de grize dielen binne mear brún en de sturtpunt hat in swarte bân. De kop is dêr griisbrún en de fûgel hat in griisbrún part fan 'e nekke nei ûnder oer de boarstkanten. Se krije harren folwoeksen fearrekleed nei twa jier.

Ofbylden swellesturtmiuwen

De fûgel briedt yn Arktyske gebieten fan Noard-Amearika en Euraazje. Yn 'e hjerst migrearret de soarte nei it suden. It grutste part fan 'e populaasje oerwinteret op 'e noardlike Stille Oseaan, mar de Grienlânske populaasje stekt de Atlantyske Oseaan oer en oerwinteret yn súdwestlik Afrika.

De soarte waard yn 1819 troch Joseph Sabine beskreaun en doe yn it skaai Larus pleatst. William Elford Leach stelde itselde jier al foar om de fûgel yn it skaai Xema te 'setten, mar dat waard lang net folge. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de fûgel in eigen skaai foarmet, wêrby't de ivoarmieuw de nauwste sibbe liket te wêzen. De soarte wurdt as monotypysk behannele of yn fjouwer ûndersoarten ûnderskieden:

Ekology en briedtiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêst mei aai en pyk.

De fûgel briedt yn kustgebieten by de tûndra, meastentiids yn sompige gebieten mei moas en reid by marren of leechlizzende fivers mei brak wetter. Bûten de briedtiid libje de fûgels mear op see. De briedtiid begjint ein maaie of begjin juny as der op 'e tûndra noch snie leit. Se briede yn lytse koloanjes (6–15 pearkes, bytiden ek oant 60) of soms solitêr tusken stirnzen. It nêst is in ûndjippe kûle of in nêstkom fan gers, moas, seewier en fearren, meastal tichteby it wetter. Nei de briedtiid ferlitte sawol folwoeksenen as jongen yn july of augustus de koloanje.

Yn 'e briedtiid yt de fûgel ynsekten (en harren larves), spineftigen, lytse fisken, ies en lytse fûgels en aaien fan oare fûgels lykas de stirns. Ek wurdt foardat it iis raand sied en oare plantaardige kost iten oant oar iten beskikber komt. Bûten de briedtiid bestiet it iten út wringeleazen en lytse fisken.

De IUCN kategorisearret de soarte as "net bedrige" (Least Concern) mei in wrâldpopulaasje fan rûchwei 340.000 folwoeksen fûgels. De lytse Europeeske populaasje liket te groeien, lykas ek yn Alaska. Oannommen wurdt dat de soarte kwetsber is foar klimaatferoaring yn it Arktysk gebiet en yn Ruslân wurdt der jage en wurde aaien sammele, mar dy bedrigingen ha gjin grutte ynfloed op de populaasje.

Joseph Sabine ferneamde de fûgel nei syn broer, de Ingelske wittenskipper Sir Edward Sabine. De namme Xema liket in folslein eigen optinksel te wêzen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: