Springe nei ynhâld

Swellesturtbijefretter

Ut Wikipedy
Swellesturtbijefretter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljebijefretterfûgels (Meropidae)
skaaibijefretters (Merops)
soarte
Merops hirundineus
Lichtenstein, 1793
IUCN-status: net bedrige

De swellesturtbijefretter (Merops hirundineus) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).

Nominaatfoarm fan 'e swellesturtbijefretter.

Lykas oare bijefretters is dit in kleurike, slanke fûgel. Syn kleuren en foarkesturt binne ûnderskiedend. Hy is benammen grien, hat in in giele kiel, in smelle blauwe kraach, in swarte eachstreek en in swarte snaffel. De sturt bestiet út griene of blauwe fearren. De fûgel kin ynklusyf de lange swellesturt in lingte fan 20-22 sm berikke. Der is gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes.

De swellesturtbijefretter wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swellesturtbijefretter libbet yn in ferskaat oan habitats fan healwoastyn mei strûken oant savannes en boskrânen. De fûgel wurdt oantroffen yn iepen lânskip op sitplakken, om fan dêr wei yn 'e loft te sjitten om ynsekten te fangen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't stabyl is. Op basis dêrfan kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt omskreaun as wiidferspraat en lokaal talryk oant seldsum.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: