Swartwjuksniemosk
| swartwjuksniemosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Montifringilla adamsi | ||||||||||||
| Adams, 1859 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De swartwjuksniemosk (Montifringilla adamsi) is in sjongfûgel yn it skaai sniemosken (Montifringilla) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartwjuksniemosk is in 17 sintimeter lange griisbrune fûgel mei wyteftige of bêzjewite wjukdekfearren op 'e fierder donkere wjukken. De folwoeksen fûgel hat wat swart op 'e kiel.
Fersprieding en systematyf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartwjuksniemosk wurdt yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:
- Montifringilla adamsi adamsi – noardlik Kasjmir en Ladakh, nei it noardeasten by it noardlike Tibetaanske Plato lâns en súdeastlik by de Himalaya lâns oant Sikkim.
- Montifringilla adamsi xerophila – sintraal Sina, fan it noardeastlike diel fan 'e grins tusken Qinghai en Gansu (Qilian Shan) nei it suden oant it eastlike Tibetaanske Plato en súd-sintraal Sichuan (Litang).
Foarhinne waard de swartwjuksniebosk as in ûndersoarte behannele fan sawol de sniemosk (Montifringilla adamsi) as de Tibetaanske sniemosk (Montifringilla henrici).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling, wêrfan't gjin bedrigingen bekend binne. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018). Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt omskreaun as seldsum oant niet algemien.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel eart Andrew Leith Adams (1826-1882), in sjirurch yn it Britske leger yn Yndia yn 1848, dy't sels de soarte yn 1858 beskreau.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
