Springe nei ynhâld

Swartwjukkardinaal

Ut Wikipedy
Swartwjukkardinaal

Mantsje.

Wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje kardinaalfûgels ( Cardinalidae)
skaai piranga's (Piranga)
soarte
Piranga olivacea
(Gmelin, 1789)
net bedrige
ferspriedingsgebiet
     wintergast
     simmerfûgel
     trekfûgel

De swartwjukkardinaal of skarlakenkardinaal (Piranga olivacea) is in sjongfûgel út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae). De soart waard foar it earst wittenskiplik beskreaun troch Gmelin yn 1789.

Mantsje yn prachtkleed.

De swartwjukkardinaal is in middelgrutte sjongfûgel en krekt de lytste fan 'e fjouwer soarten fan it skaai dat noardlik fan 'e Meksikaanske grins briedt. Se wurde 16 oant 19 sm lang en ha in spanwiidte fan 25 oant 30 sm. Mantsjes binne djip read mei swarte wjukken en in swarte sturt. Wyfkes binne gieleftich op 'e ûnderkant en fan boppe oliifgrien, mei oliifgielige wjukken en sturt. Winterdeis hat it mantsje deselde kleuren as it wyfke, mar de wjukken en sturt bliuwe donker.

It briedgebiet leit yn it eastlike diel fan 'e Feriene Steaten en it uterste súdeasten fan Kanada. De oerwinteringsgebieten lizze yn Súd-Amearika. Se libje yn boskgebieten, beboske gebieten, parken of tunen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande de felle kleuren is de fûgel dreech yn 'e beammen waar te nimmen, dêr't se nei beien, fruchten, ynsekten, spinnen en slakken sykje.

Yn 'e briedtiid komt it wyfke in pear dagen nei de mantsjes yn it briedgebiet oan, dêr't it mantsje syn territoarium yn 'e beammen ôfset hat en op it wyfke wachtet. As it wyfke yn 'e buert komt set it mantsje útein te sjongen om it wyfke út te noegjen. Yn in hege beam boud it wyfke it nêst en leit dêr trije oant fiif aaien, dy't yn likernôch trettjin dagen útbret wurde.

De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2016) klassifisearre. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: