Springe nei ynhâld

Swartwjukdwerchpappegaai

Ut Wikipedy
Swartwjukdwerchpappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaidwerchpappegaaien (Agapornis)
soarte
Agapornis taranta
Stanley, 1814
IUCN-status: net bedrige

De swartwjukdwerchpappegaai (Agapornis taranta) is in fûgelsoarte út it skaai dwerchpappegaaien.

Mantsje.

De fûgel is foar it grutste part heldergrien. It mantsje hat lykwols in reade foarholle, wylst dy fan 'e pop folslein grien is. De grutte slachpinnen binne swart en dêrfandinne de namme. Se ha in koraalreade snaffel en grize oant blaugrize poaten.

De fûgel libbet yn 'e heechlannen fan Etioopje en Eritreä op hichten fan 1.600 oant 3.400 m. It leefgebiet bestiet út jeneverbeiebeammen en konifearbosken, mar ek savannes mei beammen en sels yn parken fan stêden lykas Addis Abeba.

Swartwjukdwerchpappegaaien foarmje yn 'e regel in monotypysk skaai, itjinge betsjut dat der gjin erkende ûndersoarten binne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it wyld briede se yn beamholtes, spjalten yn muorren of somtiden ek yn nêsten fan weverfûgels. It binne gjin grutte nêstbouwers en se brûke somtiden mar in hiel lyts bytsje materiaal. Unyk foar de soarte is dat krekt foar it lizzen fan 'e aaien plôket it wyfke faak wat boarstfearren út om it nêst te beklaaien. Yn harren natuerlike leefgebiet briede se fan maart oant novimber. In lechsel bestiet meastentiids út 3 oant 6 wite aaikes, dy't om de dei lein wurde. Allinnich de pop briedt. Lykas de measte dwerchpappegaaien foarmje se in pearke foar it libben.

De soarte wurdt klassifisearre as net bedrige (Least Concern, 2024) en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. Der binne gjin rûzings oer de grutte fan 'e populaasje. De fûgel wurdt as algemien neamd, wiidferspraat yn it ferspriedingsgebiet en falt ûnder CITES Appendix II, itjinge betsjut dat de ynternasjonale hannel strang kontrolearre wurdt om tefoarren te kommen dat de soarte yn it wyld bedrige rekket. Bedrigingen binne habitatferlies en fragmintaasje, ynvasive beammesoarten, lânbougif en klimaatferoaring.

Swartwjukdwerchpappegaaien wurde yn 'e avikultuer net massaal holden. Tsjintwurdich is der in stabile populaasje yn Jeropa, wêrtroch ymport net mear nedich is. Der binne minder kleurfariaasjes as by oare soarten. De soarte moat yn pearkes holden wurde, yn groepen wurde de wyfkes yn 'e briedtiid te agressyf.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: