Swartwanggoars
| swartwanggoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza cabanisi | ||||||||||||
| Reichenow, 1875 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De swartwanggoars (Emberiza cabanisi) is in Afrikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartwanggoars hat, lykas ferskate oare Emberiza-goarzen yn Afrika, in goudgiele ûnderkant en in dúdlik tekene kop. Oars as de oare soarten hat er in folslein swart wang sûnder streken ûnder it each. De súdlike ûndersoarten (cognominata en orientalis, sjoch hjirûnder) binne oan 'e boppekant ljochter, mei in smelle en bleke sintrale krúnstreek en brede kastanjebrune rânen oan 'e rêch- en wjukfearren. De noardlike ûndersoarte (de nominaatfoarm) is oan 'e boppekant donkerder en hat in folslein swarte krún. It wyfke is minder sterk tekene. De sang wurdt yn 'e Ingelsktalige literatuer omskreaun as in "wee-chidder-chidder-wee", wylst de rop in dúdlik "tsseeoo" is.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartwanggoars wurdt meastentiids ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Emberiza cabanisi cabanisi – komt foar fan Sierra Leöane oant súdlik Sûdan en noardwestlik Uganda;
- Emberiza cabanisi cognominata – komt foar fan Gabon, Kongo-Kinsjasa en Angoala oant westlik Simbabwe;
- Emberiza cabanisi orientalis – komt foar fan Tanzania oant eastlik Simbabwe en Mozambyk.
De neiste sibben fan 'e swartwanggoars binne de gielbúkgoars (Emberiza flaviventris) en de Somalyske goars (Emberiza poliopleura). De taksa orientalis en cognominata kinne mooglik in aparte soarte foarmje.
Skaaiyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt fanâlds yn it skaai (Emberiza) pleatst, mar guon taksonomyske autoriteiten hawwe Emberiza tsjintwurdich opdield yn ferskate lytsere skaaien. Guon taksonomyske autoriteiten helje de swartwanggoars en de oare Afrikaanske goarzen út Emberiza en pleatse se yn it skaai Fringillaria.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartwanggoars komt foar yn fochtige savannes en iepen bosken. It iten bestiet út ynsekten, benammen lytse gaanders, en gerssied. De fûgel briedt yn july en augustus yn West-Afrika en benammen yn oktober en novimber yn sintraal-súdlik Afrika. De soarte is foar it meastepart in stânfûgel.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't stabyl is. Op grûn fan dizze kritearia klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as algemien oant seldsum.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartnamme earet Jean Louis Cabanis (1816–1906), in Dútske ornitolooch dy't yn 1853 it tydskrift Journal für Ornithologie oprjochte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goars
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
