Swartwâlde (It Amelân)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Swartwâlde

Swartwâlde is in lânbou- en juttersmuseum op Bueren op It Amelân. Swartwâlde bestiet út twa gebouwen: in restaurearre pleats út ein 17e iuw en in eksposysjeromte. Tusken de eksposysjeromte en de museumpleats leit in skipswrak. It museum waard yn april 1992 iepene en wurdt beheard troch Stifting "De Ouwe Pólle".

It libben op it âlde Amelân wie ien grutte striid om it bestean. De measte Amelanner boeren kombinearden harren fak mei dat fan fisker, jager en jutter. De eksposysje fan Swartwâlde bestiet dan ek út twa dielen: lânbou en jutten.

lânbou

It 'libben museum' toant it boerelibben om 1900 hinne en der is net allinnich âld ark en reau te sjjen, mar der rinne ek hyns, keallen, geiten, bargen en hinnen om.

jutten

Yn it juttersgebou binne strânfynsten te sjen.Der binne in soad ferskillende fynsten te sjen dy't eilanner jutters troch de iuwen hinne fan it strân helle hawwe. Besikers komme yn oanrekking mei it ferhaal oer Ritskemoai.

Yn de simmermoanne organisearret it lânbou-juttersmuseum rûnritten mei in Jan Plezier (hynder-en-wein) troch de polders fan It Amelân. De tocht gie ûnder oare lâns de eastkant fan it eilân, troch de polder, fia it doarp Buren nei it rekreaasjegebiet De Vleijen. Der kin ek in rit mei de Jan Plezier makke wurde nei de mûne yn Nes.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: