Springe nei ynhâld

Swartstútekster

Ut Wikipedy
swartstútekster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaieksters (Pica)
soarte
Pica bottanensis
Delessert, 1840
IUCN-status: net evaluëarre
ferspriedingsgebiet

De swartstútekster of swartrêchekster (wittenskiplike namme: Pica bottanensis) is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist komt foar yn 'e Himalaya, eastlik Tibet en dielen fan Sina. Hiel lang waard oannommen dat de swartstútekster in ûndersoarte fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica) wie, mar nij ûndersyk brocht yn 2018 oan it ljocht it om in selsstannige soarte giet. De IUCN hat de dizze nije soarte noch net beoardiele op status.

De swartstútekster waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1840 troch de Frânske ûntdekkingsreizger en natoerûnderiker Adolphe Delessert. Fan 'e wittenskiplike namme is Pica it Latynske wurd foar "ekster", wylst bottanensis ferwiist nei Bottan of Boutan, de Frânske namme foar Bûtan. Letterlik betsjut de wittenskiplike namme dus: "Bûtaanske ekster".

Dizze fûgel waard krapoan 180 jier lang oansjoen foar in ûndersoarte fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica), dy't yn Jeropa en dielen fan Aazje foarkomt. Pas yn 2018 kaam by molekulêr fylogenetysk ûndersyk oan it ljocht dat de swartstútekster en trije oare 'ûndersoarten' fan 'e ekster eins selsstannige soarten binne. Feitliks die út dat ûndersyk bliken dat de swartstútekster de sustersoarte is fan 'e Asirekster (Pica asirensis) út súdwestlike Saûdy-Araabje. Guon autoriteiten, lykas BirdLife International, beskôgje de swartstútekster noch altyd as in ûndersoarte fan 'e gewoane ekster.

De swartstútekster is lânseigen yn 'e sintrale en eastlike Himalaya fan westlik Nepal fia de Yndiaaske dielsteat Sikkim en it ûnôfhinklike berchsteatsje Bûtan nei de Yndiaaske dielsteat Arunachal Pradesh. Noardlik fan 'e Himalaya komt dizze soarte ek foar yn 'e eastlike helte fan Tibet en yn dielen fan súdeastlik Sinkiang-Oeigoerje en de Sineeske provinsje Qinghai.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartstútekster hat trochinoar in totale lichemslingte fan 46–50 sm, dêr't de sturt sa'n 2/5 part fan útmakket. It gewicht bedraacht rûchwei 220 g. De swartstútekster hat in swartbûnt fearrekleed en liket dêrmei sterk op 'e (gewoane) ekster (Pica pica). Krekt as by de oare ekstersoarten binne de kop, nekke, kiel, it boarst, de rêch, poaten, sturt en it meastepart fan 'e wjukken swart, wylst de bealch en de úteinen fan 'e wjukken wyt binne. Oer de swarte dielen fan 'e wjukken leit, ôfhinklik fan 'e ljochtfal, in turkwaze of lila glâns. De swartstútekster ferskilt fan syn yn Fryslân foarkommende sibbe troch mear swart om 'e stuten hinne, in relatyf koarte sturt, in foarsere snaffel en (útsein wat de wjukken oangiet) mar in hiel lyts bytsje glâns oer de fearren, sadat it swart doffer is en dêrtroch dûnkerder liket.

De swartstútekster libbet yn iepen berchdellings op in hichte fan 2.000–4.500 m boppe seenivo.

In swartstútekster yn Bûtan.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartstútekster is in stânfûgel, dy't it hiele jier rûn yn syn wengebiet oanwêzich is. Hy libbet yn pearkes fan in mantsje en in wyfke. Swartstúteksters fêstigje in territoarium, dat se ferdigenje tsjin ynkringende soartgenoaten. Har nêsten bouwe se ornaris heech yn beammen. De piken binne nêstbliuwers, dy't nei it útkommen fan 'e aaien noch wikenlang troch de âlden fersoarge wurde moatte.

Swartstúteksters hawwe in omnivoar dieet, dat bestiet út wringeleas dierte, lykas ynsekten, oare lidpoatigen en wjirms, en dêrnjonken lytse sûchdieren, de aaien en piken fan oare fûgelsoarten, beien en oare fruchten, sieden en ies.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e swartstútekster binne ferskate soarten haukfûgels en ûlen.

De swartstútekster is sa'n nije soarte, dat de Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer der noch net oan ta kommen is om in evaluaasje te meitsjen.

De swartstútekster is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder References, op dizze side; ûnder Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side; ûnder Noter, op dizze side; en ûnder Referències, op dizze side