Swartsnaffeliishin
| swartsnaffeliishin | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Chionis minor | ||||||||||||
| Hartlaub, 1841 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De swartsnaffeliishin (Chionis minor) is ien fan 'e twa soarten yn it skaai iishinnen út 'e famylje iishinfûgels.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartsnaffeliishin wurdt 38 oant 41 sm lang en hat in spanwiidte fan 74 oant 79 sm. De soarte is dêrmei likernôch like grut as de oare soarte fan it skaai, de bûntsnaffeliishin. De fûgel hat wite fearren en in swartkleurige neakene hûd mei in wrateftige struktuer foar it each. De snaffel is lykas de namme seit swart. De poaten binne swart by de fûgels yn it noardlike ferspriedingsgebiet oant fleiskleurich by de fûgels fan it súdlike ferspriedingsgebiet. De eachring is fleiskleurich oant rôze.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar op in oantal subantarktyske eilannen yn 'e Súdlike Oseaan. Lykas de bûntsnaffeliishin libbet de fûgel op it lân, wylst in soad oare fûgels dêr foar in part op see libje.
Der binne fjouwer ûndersoarten:
- Chionis minor marionensis: Prins Edwardeilannen (súdlik fan Súd-Afrika).
- Chionis minor crozettensis: Crozeteilannen (súdlike Yndyske Oseaan).
- Chionis minor minor: Kerguelen (súdlike Yndyske Oseaan).
- Chionis minor: Heard en McDonaldeilannen (súdlike Yndyske Oseaan).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de oare soarte fan it skaai is it in fûgel dy't him faak skuldich makket oan kleptoparasitisme. Se binne faak by koloanjes fan pinguïns en seehûnen te sjen en frette dêr de trochgong, de neikream, de aaien en piken. Se ite ek kelp en dêrmei de bistjes yn 'e planten. It is in opportunist dy't ek ies en wringeleazen yn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje wurdt neffens in rûzing fan 2009 op 8.700 oant 13.000 folwoeksen fûgels holden. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan net bedrige (Least Concern, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
