Swartsnaffelearrebarre
| Swartsnaffelearrebarre | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ciconia boyciana | ||||||||||||
| Swinhoe, 1873 | ||||||||||||
| bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De swartsnaffelearrebarre (Ciconia boyciana) is in grutte trekfûgel út 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae). De fûgel komt foar yn East-Azië. Hoewol't de fûgel in soad op 'e gewoane earrebarre liket, wurdt er hjoed-de-dei as in aparte soarte beskôge.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartsnaffelearrebarre wurdt likernôch 1 oant 1,29 m lang en hat in spânwiidte oant 2,22 meter. De soarte is wat grutter as de gewoane earrebarre en hy hat in tsjokke, rjochte swarte snaffel. Om 'e eagen sit in opfallen stikje reade hûd en syn iris is wyt. De poaten binne lykas syn Europeeske sibbe felread. Wylst folwoeksen fûgels in folslein swarte snaffel hawwe, hawwe juvenilen in oranje oant oranje-brune snaffel.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in spesifyk ferspriedingsgebiet yn Noardeast-Azië. De briedgebieten lizze yn it streamgebiet fan 'e Amoer en de Ussoeri op yn it grinsgebiet fan Sibearje en Sina. Winterdeis lûke de fûgels nei Sintraal- en Súdeast-Sina (benammen de Poyang-mar), Súd-Koreä en Japan. Earder waard de swartsnaffelearrebarre as in ûndersoarte fan 'e gewoane earrebarre behannele.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se bouwe harren nêsten fan 1,50 oant 2 meter breed heech yn 'e beammen (faak tusken de 3 en 30 meter hichte) of op keunstmjittige konstruksjes. De briedtiid is fan febrewaris oant july. It wyfke leit trochstrings twa oant fiif aaien. Beide âlders wikselje inoar ôf by it brieden. It duorret likernôch 30 oant 35 dagen foardat de aaien útkomme. As de piken goed 65 dagen âld binne fleane se út.
Swartsnaffelearrebarren binne oer it generaal trou oan harren partner en bliuwe faak jierrenlang byinoar.
Se hawwe in foarkar foar grutte sompen, wiete greiden en rysfjilden dêr't se sykje nei fisk, kikkerts, ynsekten en lytse kjifdieren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel stiet as bedrige (EN) op 'e Reade list fan 'e IUCN. De wichtichste oarsaken foar de delgong fan 'e fûgel binne it ferlies fan leefgebiet troch ûntbosking, it drûchlizzen fan sompen foar de lânbou, oerbefisking en it brûken fan pestisiden. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op minder as 2.500 folwoeksen fûgels.
Yn Japan (Toyooka) en Súd-Koreä binne suksesfolle programma's om de soarte troch fokprogramma's wer yn it wyld út te setten. Yn Japan stoar de lêste wylde fûgel yn 1971 út. In fokprogramma sette dêr al yn 1965 útein mei fûgels út Ruslân. Yn 2005 waarden de earste fûgels wer yn it wyld útset. Yn Súd-Koreä ferstoar de lêste fûgel yn 1994 yn in bistetún út. Twa jier letter waard dêr ek in reyntroduksjeprogramma opset. Sûnt 2015 binne dêr wer fûgels útset yn it wyld. It súkses fan harren weromkear is dêr fral te tankjen oan 'e boeren dy't oan biologyske rysbou dogge.
Yn Japan wurde swartsnaffelearrebarren njonken kraanfûgels as hillich beskôge. Yn Toyoota is it Kukuhi-hillichdom wijd oan 'e swartsnaffelearrebarre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

