Swartrêchwoffer
| Swartrêchwoffer | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Botaurus dubius | ||||||||||||
| Mathews, 1912 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De swartrêchwoffer (Botaurus dubius, synonym Ixobrychus dubius) is in fûgel út 'e famylje fan de reagerfûgels yn it skift fan 'e pilekaanfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartrêchwoffer is mei in lichemslingte fan 25–36 sm in lytse reager. It folwoeksen mantsje hat in swarte rêch, brune hals en in readbrún streke ûnderkant. Yn 'e flecht binne ljochte plakken op 'e boppewjukdekfearren te sjen, dy't kontrastearje mei de tsjustere rêch en de tsjustere wjukfearren. It wyfke mist de swarte rêch fan it mantsje en is doffer, brún en streke op 'e rêch en krún; juvenilen binne ferlykber. De irissen binne giel, de snaffel is giel mei boppe op 'e boppesnaffel in donkere streek en de poaten binne gielgrien.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn súdwest- en east-Austraalje, yn Yndoneezje en op Nij-Guineä. Op Nij-Guineä wurdt de fûgel benammen yn 'e wintermoannen waarnommen. Dat kin der op wize dat fûgels út súdliker gebieten (lykas Súd-Austraalje) nei noardliker of tropysker streken migrearje as it dêr kâlder of drûger wurdt.
Eartiids waard de soarte as in ûndersoarte fan 'e gewoane woffer (of lytse woffer) beskôge en guon behannelje de fûgel noch sa.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartrêchwoffer hat in foarkar foar reidgebieten, wiete gebieten mei tichte begroeiïng of wetterrinnen mei begroeide kanten. Hy wurdt meast sjoen yn 'e iere moarn en op jûntiid.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt tocht dat de oantallen ôfnimme, lykwols net sa slim om as bedrige beskôge te wurden. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net-bedrige (Least Concern) op 'e Reade List.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

