Swartnoasklapperiikhoarntsje
swartnoasklapperiikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Callosciurus notatus | ||||||||||||
Boddaert, 1785 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It swartnoasklapperiikhoarntsje (Latynske namme: Callosciurus notatus), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e pronkiikhoarntsjes (Callosciurus), dat foarkomt yn Súdeast-Aazje. Troch túnkers wurdt dit bist faak as skealik ûngedierte beskôge, om't er mei soarch ferboude fruchten net mijt.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartnoasklapperiikhoarntsjes komme foar yn it westlike part fan 'e Yndyske Arsjipel, yn Yndoneezje, Maleizje, Brûnei, Singapoer en Tailân. Se binne lânseigen op 'e eilannen Java, Madoera, Baly, Lombok, Borneo, Sumatra, Bangka en Billiton. Ek komme se fan natuere foar op it skiereilân Malakka oant yn súdlik Tailân. It swartnoasklapperiikhoarntsje kin wylderich tiere yn in ferskaat oan wâldbiotopen, wêrûnder tropysk reinwâld, mangroves, parken, tunen en plantaazjes.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It swartnoasklapperiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 20-30 sm, mei in sturt fan gelikense lingte. De pels is op 'e rêch, kop, poaten en sturt grizich brún, mei in kastanjekleurige, suver oranje bealch, en op 'e fangen tusken it brún en oranje yn in wite streek dy't grinzget oan 'e brune rêch, en in swartenien dy't tsjin 'e oranje bealch oansit.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartnoasklapperiikhoarntsjes binne yn 'e beammen tige linich en fluch, en kinne ferskate meters fier springe om fan 'e iene nei de oare beam te kommen. Se weagje har mar komselden oer de grûn.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It menu fan swartnoasklapperiikhoarntsjes bestiet fierhinne út blêden en fruchten, mar omfettet fierders faak ek ynsekten en fûgelaaien. Undersikers hawwe waarnommen hoe't swartnoasklapperiikhoarntsjes tûkjes iepenbrekke om 'e ynsektelarven op te fretten dy't dêryn ferskûle sitte. Ek skrilje se der net foar tebek om fruchten lytsman te meitsjen dy't folle grutter binne as sysels, lykas mango's of kokosnuten.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Callosciurus notatus diardii
- Callosciurus notatus miniatus
- Callosciurus notatus notatus
- Callosciurus notatus suffusus
- Callosciurus notatus vittatus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|