Springe nei ynhâld

Swartnekketangare

Ut Wikipedy
Swartnekketangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara labradorides
(Boissonneau, 1840)
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swartnekketangare (Tangara labradorides) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Tangara labradorides.

De fûgel is in lytse tangare en liket wat kleurleas neffens oare soarten, mar yn goed ljocht is de unike mintkleur fan 'e fûgel te sjen. De soarte is griener as de goudnekketangare en hat net de spikkels fan 'e Beryltangare. Lykas de namme seit is de nekke swart. Ek hat de fûgel in swart masker en swarte wjukken mei griene rânen. De búk en de anaalstreek is brúngiel, mar dat is allinne fanút guon hoeken goed te sjen. Mantsjes en wyfkes binne allyk oan inoar.

De swartnektangara libbet yn 'e subtropyske en tropyske sône fan 'e Andes. Dêr is it in frij algemiene fûgel yn dizebosken en oan boskrânen op in hichte fan sa'n 1.300 oant 2.300 meter.

De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Tanager labradorides labradorides - komt foar yn 'e Andes fan westlik Kolombia en westlik Ekwador.
  • Tanara labradorides chaupensis - komt foar yn 'e Andes yn noardeastlik Perû (súdlik oant San Martín).

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrfandinne as net bedrige (LC, 2018).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: