Swartnekkestirns
| rivierstirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sterna sumatrana | ||||||||||||
| Raffles, 1822 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De swartnekkestirns (Sterna sumatrana) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de ûnderfamylje stirnzen (Sternini). De fûgel libbet yn tropyske en subtropyske dielen fan 'e Yndyske Oseaan en de westlike Stille Oseaan.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartnekkestirns is in middelgrutte stirns fan 35 sm lang. It is in fûgel mei hiele ljochte kleuren en oars as syn neiste sibben hat er gjin swarte mûtse. Folwoeksen fûgels yn it briedkleed binne boppe griiswyt mei swarte poaten en en in swarte snaffel en mei in swart eachmasker dat as in swarte bân oant yn 'e nekke trochrint. Bûten it briedseizoen is de swarte bân diziger.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Sterna sumatrana sumatrana - komt foar fan 'e Andamanen en Nikobaren oant Japan, Maleizje en Austraalje
- Sterna sumatrana mathewsi – komt foar op Aldabra, de Amiranten, de Chagoseilannen en de Maldiven
De soarte is ek as dwaalgast oan 'e kusten fan eastlik en súdlik Afrika waarnommen, dy't mooglik troch de wyn meifierd waarden fan koloanjes op 'e Seysjellen. Ut DNA-stúdzjes die bliken dat de soarte it meast besibbe is oan 'e rôze stirns (Sterna dougallii) en de tarastirns (Sterna striata).
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel siket iten yn lagunes of tichtby lân boppe de brâning, mar ek op see. Hy yt benammen lytse fisken, dy't fangt troch ûndjip te dûken. It briedseizoen ferskilt per gebiet. Hy briedt meastal yn lytse koloanjes fan fiif oant 20 pearkes, mar somtiden oant 200 pearen. De koloanjes binne meastal monospesifyk, mar somtiden briede se mei rôze stirnzen of brilstirnzen tagelyk.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei op it stuit (2025) in ûnbekende ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018).
Der is gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e fûgels, mar der wurde tûzenen nêsten yn 'e súdwestlike Stille Oseaan fûn, dêr't nei alle gedachten de grutste oantallen fan 'e soarte te finen binne. Op it wetter om Maleizje hinne is de soarte ôfnommen en telt de populaasje minder as 2.000 pearkes. Yn Yndoneezje is de swartnekkestirns in soad foarkommende seefûgel, mei teminsten 50 briedplakken. De ûndersoarte mathewsi is lykwols seldsum, mei 125–205 pearkes op seis lokaasjes op 'e Seysjellen. Mar 20–100 pearkes briede op 'e Chagoseilannen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Wytstirns
- Lânseigen fauna yn Amerikaansk-Samoä
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn de Cookeilannen
- Lânseigen fauna yn Fidzjy
- Lânseigen fauna yn Gûam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kiribaty
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Samoä
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Tonga
- Lânseigen fauna yn Tûvalû
- Lânseigen fauna yn Fanûatû
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Wallis en Fûtûna
- Lânseigen fauna yn it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn Niûé
- Lânseigen fauna yn Naurû
