Springe nei ynhâld

Swartmaskerielgoes

Ut Wikipedy
swartmaskerielgoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljeielgoesfûgels (Phalacrocoracidae)
skaaiielguozzen (Phalacrocorax)
soarte
Phalacrocorax fuscescens
Gould, 1838
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De swartmaskerielgoes (Phalacrocorax fuscescens) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) binnen it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt foar oan 'e súdlike kust fan Austraalje, op Tasmaanje en op eilannen yn 'e Bass-strjitte.

Fûgels yn Tasmaanje.

De swartmaskerielgoes is in middelgrutte ielgoes fan 61–69 sm lang. It is in swart-wite ielgoes sûnder in túf. De soarte liket op 'e bûnte ielgoes, mar hat in swarte gesichtshûd en in swarte kielsek. De grins tusken de swarte boppekant fan 'e kop en de wite wangen rint ûnder it each troch, wylst dy by de bûnte ielgoes oant boppe it each rint. Yn 'e flecht hâldt de swartmaskerielgoes de kop en de hals leger as de bûnte ielgoes, wêrtroch't er wat mear mei in bûge rêch liket te fleanen.

By de pearfoarming hat de fûgel in soad wite triedfearkes oan 'e efterkant fan it wang, op 'e flanken en boppe de sturtbasis. Winterdeis is it fearrekleed minder swart en ûntbrekke de triedfearkes. Jonge fûgels binne oan 'e boppekant brúner, mei griiseftige wangen en in brune tint op 'e hals en it boppeste part fan it boarst. Yn ferliking mei de bûnte ielgoes hat de swartmaskerielgoes in grize, ynstee fan in giele, hûd foar it each en binne it gesicht en de hals donkerder.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte komt foar yn kustgebieten fan súdlik Austraalje, op Tasmaanje en op eilannen yn 'e Bass-strjitte. De swartmaskerielgoes is monotypysk, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

DNA-ûndersyk hat útwiisd dat de swartmaskerielgoes de sustersoarte is fan 'e wiidfersprate Australyske ielgoes (Phalacrocorax varius). Meiïnoar binne dy beide it naust besibbe oan 'e swarte ielgoes (P. sulcirostris) en de Yndyske ielgoes (P. fuscicollis).

Sibskip fan 'e ielguozzen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaanfûgels (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaanfûgels as takson in parafyletyske groep foarmje. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Swartmaskerielgoes mei proai.

De swartmaskerielgoes libbet folslein op see en is it hiele jier troch sosjaal. Hy fret benammen fisk, wêrûnder Gymnapistes marmoratus en ferskate fisken út 'e famylje Atherinidae en Clinidae. De fûgels briede yn koloanjes, nei alle gedachten meast tusken augustus en jannewaris, mar der binne ek briedgefallen bekend fan april oant en mei juny.

De grutte fan 'e populaasje is net bekend en ek de populaasjetrend is ûnbekend. It ferspriedingsgebiet is lykwols frij grut. De IUCN jout de soarte de status net bedrige (Least Concern, LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: