Swartkroangaai
| swartkielekstergaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax chrysops | ||||||||||||
| Vieillot, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De swartkroangaai (Cyanocorax chrysops) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De swartkroangaai is in middelgrutte fûgel mei in in krèmewite ûnderbúk, ûndersturtdekveren, ûnderwjukken en sturtpunt, wylst it boppeboarst, de nekke, de kop en de kiel meast swart binne. Boppe it each en op it wang hat de fûgel blau plak. Efter syn swarte kaam op 'e kop is de fûgel ljochtblau, dat nei it boppebealchje yn donkerder blau oergiet. De eagen binne giel, de snaffel en de poaten binne swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn Argentynje, Bolivia, Brazylje, Paraguay en Oerûguay en wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield:
- Cyanocorax chrysops diesingii: it noardlike part fan Sintraal-Brazylje besuden de Amasônerivier.
- Cyanocorax chrysops insperatus: noardeastlik Brazylje besuden de Amasône.
- Cyanocorax chrysops chrysops: fan Bolivia oant súdeastlik Brazylje, Paraguay, noardeastlik Argentynje en Oerûguay.
- Cyanocorax chrysops tucumanus: Noardwest-Argentynje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartkroangaaien binne omnivoaren en ite benammen sied, nuten, ynsekten, wringeleazen en bytiden ek fruit of mais. Ofhinklik fan 'e beskikberens fan iten kinne se ek aaien fan oare soarten en lytse bisten lykas kikkerts of slangen nimme.
De soarte is in stânfûgel en libbet yn groepkes fan trochstrings 3 oant 10 fûgels. De groep bestiet út ien briedpear en boppe yn de sosjale hierargy stiet it briedwyfke. De soarch foar de jonge fûgels is faak in taak fan 'e hiele groep.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e populaasje, mar de soarte soe frij algemien foarkomme. Op 'e Reade list fan IUCN stiet de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre, mar oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e populaasje tebekrinne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
