Swartkraachprotter
| Swartkraachprotter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Gracupica nigricollis | ||||||||||||
| Sharpe, 1897 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
yntrodusearre |
De Swartkraachprotter (Gracupica nigricollis) is in sjongfûgel yn it skaai beo's út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in 26 oant 30 sm lange fûgel mei in swart en wyt fearrekleed. De kop is wyt mei in giel, fearreleas plak om it each en in swarte kraach om 'e nekke. De mantel, rêch en wjukken binne donkerbrún, hast swart. De búk is wyt, faak mei in griisbrune tint. De sturt is wyt. De measte dekfearren en slachpinnen fan 'e wjukken ha wite punten en de primêre dekfearren binne hielendal wyt. De fûgel hat in swarte snaffel en de poaten binne grizich. Mantsjes en wyfkes binne itselde. Jonge fûgels binne bruner en ha in streekte nekke en boarst. Se ha ek in plak by it each, mar gjin kraach.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartkraachprotters komme foar yn Súd-Sina, Birma, Laos, Kambodja, Fjetnam en Tailân. De soarte is yntrodusearre yn Taiwan, Maleizje en Singapoer. De habitat bestiet út gerslân, drûge bosken, kultuergrûn en om bewenning hinne. De fûgel hat in foarkar foar leechlân, mar wurdt oant 2000 m boppe seenivo waarnommen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels foerazjearje op 'e grûn, somtiden by fee. Se ite ynsekten, wjirms en sied. Se briede fan febrewaris oant maaie yn Tailân, maart oant july yn Sina en april oant augstus yn Birma. It nêst sit yn 'e beam en is grutte koepelfoarmige konstruksje, makke fan tûkjes, strie, gers en fearren. Se briede ek yn koloanjes. In lechsel bestiet út trije oant fiif aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't in soad natuer feroaret yn lânbougrûn en de fûgel ek by minsken foarkomt wurdt der oannommen dat de oantallen fan 'e populaasjes tanimme. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
