Springe nei ynhâld

Swartkraachdwerchpappegaai

Ut Wikipedy
Swartkraachdwerchpappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaidwerchpappegaaien (Agapornis)
soarte
Agapornis swindernianus
Kuhl, 1820
IUCN-status: net bedrige

De swartkraachdwerchpappegaai (Agapornis swindernianus) is in lytse dwerchpappegaai fan likernôch 13,5 sm is in fûgel út de tropyske reinwâlden fan Afrika.

De fûgel is meast grien mei in smelle swarte bân yn 'e nekke. De stút is himelsblau en de snaffel griisswart. Oan 'e kanten fan 'e sturt hat er reade plakken. Tusken mantjes en poppen is yn it fearrekleed gjin ferskil.

De swartkraachdwerchpappegai libbet fan Guinee yn it westen oant Súd-Sûdan yn it easten en nei it suden oant it noarden fan Kongo. Yn it westen is it ferspriedingsgebiet fragmintearre.

It habitat bestiet út leechlânreinwâlden. De fûgel komt ek yn sekundêr bosk foar. De fûgels ha in foarkar foar grienbliuwende bosken en libje heech boppe yn 'e beammen. Dêrtroch en troch harren griene kleur binne se tige dreech te sjen. Om 't se sied fan figebeammen ite, binne se it meast yn 'e buert fan dy beammen te finen.

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

  • Agapornis swindernianus swindernianus (de nominaatfoarm): komt foar yn West-Afrika, benammen yn Libearia, Ivoarkust en Gana, hat in smelle swarte bân yn 'e nekke mei dêrûnder in giele bân.
  • Agapornis swindernianus zenkeri: komt foar fan Kameroen en Gabon oant de Sintraal-Afrikaanske Republyk en it westen fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, de giele bân ûnder de swarte kraach is by dizze ûndersoarte oranje of oranjerood en faak wat breder.
  • Agapornis swindernianus emini: komt foar yn it easten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo en West-Uganda, liket op 'e zenkeri, mar de oranje bân is faak wat lytser en de fûgel hat in krommere snaffel.

Alhoewol't de IUCN de fûgel op it stuit as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearret, is de fûgel yn guon dielen (lykas yn Libearia en Gana) fan it ferspriedingsgebiet seldsum. Oannommen wurdt dat de oantallen stadichoan ôfnimme. De grutste bedriging is it ferlies fan habitat troch it ûntboskjen en it omsetten fan bosk yn lânbougrûn. De fûgel is tige ôfhinklik fan wylde figen en it ferdwinen fan dy beammen en de fragmintaasje fan bosk, sadat it dreger foar de fûgel is om figebeammen te finen, betsjut ek it ferdwinen fan dy fûgel. De yllegale hannel foarmet gjin bedriging foar de soarte.

De fûgel ûntbrekt yn 'e avikultuer en is troch syn spesifike dieet sels net yn dieretunen te sjen. Se binne skruten en kinne net tsjin feroaringen; allinnich it fangen en it transport is meastentiids al fataal. Yn it ferline is der om 'e nocht besocht om de soarte yn finzenskip te kweken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: