Swartkopparkyt
| Hoodedparkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Psephotellus dissimilis | ||||||||||||
| Collett, 1898 | ||||||||||||
De swartkopparkyt of kapeparkyt (Psephotellus dissimilis) is in parkitesoarte dy't libbet yn it Northern Territory yn Austraalje. De fûgel libbet yn savanna's en iepen bosken en is ien fan 'e twa besteande soarten fan it skaai dy't briedt yn termitebulten. De fûgel is yn 'e 20e iuw in grut part fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet kwyt rekke.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De parkyt wurdt oant 26 sm lang en weaget 50 oant 60 gram. Mantsjes ha in swarte kop oant krekt oer de eagen en oant ûnder de snaffel. Yn 'e nekke giet it swart oer yn swartbrune fearren op 'e mantel en de mediale dielen fan 'e wjukken. De ûnderste helte fan it kopke en de sydkanten fan 'e hals binne turkwaze. De foarkant fan 'e hals, it boarst, de búk en de stút binne ljochtblau-grien, wylst de ûndersturtdekfearren salmkleurich oant read binne mei smelle wite rânen. De boppekant fan 'e sturt is donkergrien oant nei de ein swart. De wjukken binne útsein de ediale dekfearren en de slachpinnen goudgiel. It mantsje hat in grize snaffel.
Wyfkes binne minder opfallend fan kleur en binne meast ljochtgrien op 'e rêch. It boarst, de búk en de stút binne ljochtblau en it giel op 'e wjukken is ôfwêzich. De wyfkes binne tige dreech te ûnderskieden fan 'e wyfkes fan 'e gielskouderparkyt.
Jonge mantsjes ha gjin swart oan 'e kop en de jonge fûgels komme let op kleur, meast nei twa jier.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt ien of twaris yn 't jier tusken april en augustus. In lechsel bestiet út fjouwer oant seis wite aaien. Nêsten wurde boud yn holtes fan termiteheuvels, dy't kwetsber binne foar losrinnend fee. De fûgels is trije wiken dwaande mei it útgraven en de horizontale tunnel nei de holte is likernôch 50 oant 80 sm lang. Yn 'e briedtiid binne de fûgels agressyf tsjin oare parkitesoarten. Nei't de jongen útflein binne, rinne sels de jonge fûgels gefaar om oanfallen te wurden. Se ite sied.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de soarte yn in grut part fan it oarspronklike ferspriedingsgebiet is ferdwûn, bliuwt de fûgel algemien yn beskerme dielen. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) klassifisearre en de populaasje wurdt no as stabyl beskôge.
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt maklik yn finzenskip, mar hy kin agressyf wêze, wat it net mooglik makket om him yn in mingde folière mei oare parkiten te hâlden. De fûgels hâlde ek yn Europa fêst oan 'e Australyske briedtiid en dan is it yn Europa hjerst. Om't it wyfke de jongen net lang genôch waarm hâldt en faak al nei fiif dagen fan it nêst giet, is der dêrom in ferwaarme nêstromte nedich.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
