Swartkopnon
| Swartkopnon | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Uraeginthus angolensis | ||||||||||||
| Vieillot, 1807 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De swartkopnon of kastanjenon (Lonchura atricapilla) is in Aziatyske fûgel yn 'e famylje prachtfinken (Estrildidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De swartkopnon is in fûgel fan 11-12 sm lang. De folwoeksen fûgel hat in koarte bleekgriisblauwe snaffel, in swarte kop en in kastanjebrune búk. De skaaien binne ferlykber, mar jonge fûgels ha in bleekbrune boppekant, wite oant bêzje-wite ûnderkant en gjin swart op 'e kop.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koartlyn is it L. malacca-soartekompleks yn trije soarten opsplitst, de trijekleurnon (Lonchura malacca), de wytkrúnnon (Lonchura ferruginosa) en de swartkopnon (Lonchura atricapilla). Der binne dúdlike ferskillen yn it fearrekleed en ek yn 'e markearrings op it ferwulft fan 'e krekt útkommen piken. Guon behannelje se lykwols noch as ien soarte.
De swartkopnon is ferdield yn sân ûndersoarten:
- L. a. rubronigra : noardlik Yndia en Nepal.
- L. a. atricapilla : noardeastlik Yndia, Bangladesj, Birma en súdwestlik Sina.
- L. a. deignani : Tailân, Yndosina.
- L. a. sinensis : Malakka en noardlik Sumatra.
- L. a. batakana : noardwestlik Sumatra.
- L. a. formosana : Taiwan en (mooglik) noardlik Luzon.
- L. a. jagori : de Filipinen (útsein noardlik Luzon) en Borneo.
L. a. jagori wurdt tsjintwurdich ek ûnderbrocht by de trijekleurnon (Lonchura malacca). De swartkopnon is yntrodusearre yn en hat wylde populaasjes fêstige yn Japan, Palau, de Hawaïaanske eilannen, Fanûatû en súdwestlik Ekwador en Jamaika en Martinyk yn it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Swartkopnontsjes binne lytse, sosjale fûgels dy't meast yt fan sied en nôt. Hy bewennet faak iepen greidlân en lânbougebieten. It nêst is in grutte koepel fan gers pleatst yn boskjes of heech gers. Dêryn leit er fjouwer oant sân wite aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (LC). De fûgel komt lokaal algemien foar.
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartkopnontsjes komme in soad foar yn 'e avikultuer. Se binne maklik te hâlden yn in mingd en goed beplant fûgelhok. De fûgels mei graach baaie en wetter moat der altiten wêze.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Nontsje
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Eksoat yn Jamaika
- Eksoat yn Martinyk
- Eksoat yn Japan
- Eksoat yn Palau
- Eksoat yn Fanûatû
- Eksoat yn de Feriene Steaten
