Swartkopmiuw
| swartkopmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ichthyaetus melanocephalus | ||||||||||||
| Temminck, 1820 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De swartkopmiuw (Ichthyaetus melanocephalus; synonym: Larus melanocephalus) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). Oant foar koart waard de soarte by it skaai Larus yndield, mar op basis fan ûndersyk oan mitochondriaal DNA is dúdlik wurden dat dizze yndieling net korrekt is. De fûgel is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten bekend binne.
Wittenskiplike namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan 'e soarte waard yn 1820 foar it earst troch Coenraad Jacob Temminck publisearre as Larus melanocephalus. De namme melanocephalus is ôflaat fan it Aldgrykske mélas (swart) en kephalē (holle of kop).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 37 oant 40 sm lang en hat in spanwiidte fan 94 oant 102 sm. De swartkopmiuw is wat grutter en swierder fan bou as de kob, mei in swierdere snaffel en langere, donkerder poaten. Yn it briedkleed is de swartkopmiuw opfallend wyt mei in ljochtgrize mantel en wjukken mei wite slachpinnen sûnder swarte úteinen. De swarte kop rint troch oant yn 'e nekke en lit opfallende wite heale moannefoarmige tekeningen by de eagen sjen, wêrbinnen in donkerreade eachring te sjen is. De skerpe donkerreade snaffel hat in swarte bân foar de punt. De kop fan 'e folwoeksen fûgel bûten de briedtiid is folle minder swart. Oer de eagen rint in donker masker.
It duorret twa jier foardat dat de swartkopmiuw it folwoeksen fearrekleed kriget. Fûgels yn it earste jier hawwe in swarte bân oan 'e ein fan 'e sturt en mear swarte gebieten op 'e boppewjukken, mar hawwe ljochte ûnderwjukken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopmiuw briedt benammen oan 'e kusten fan 'e Swarte See yn Oekraïne en fierder nei it westen yn West-Europa, mar dêr hat de fûgel in sterk fragmintearre fersprieding. Hy is folle seldsumer as de kob, dêr't er faak yn 'e selde koloanjes mei briedt.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopmiuw briedt sûnt de jierren 1930 ek yn Nederlân. Ynearsten wie it in seldsume briedfûgel, mar sûnt 1980 namen de oantallen ta oant mear as 4000 pearkes. De measte fûgels sitte yn it súdwesten fan it lân mei koloanjes fan wol hûnderten fûgels, mar de fûgel hat ek it Iselmargebiet ûntdutsen en dêr nimme de oantallen ek ta. Winterdeis oerwinterje se foaral yn it Middellânske Seegebiet. Nederlân leit oan 'e noardwestlike grins fan it ferspriedingsgebiet.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út fiskjes, wjirms, ynsekten, skulp- en skaaldierkes. In lechsel bestiet út twa oant trije ljocht gielbrune aaien mei donkere plakjes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e Europeeske populaasje waard yn 2012 rûsd op 236.000 oant 656.000 folwoeksen fûgels. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat dizze soarte de status 'net bedrige' (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Swartkopmiuw
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Middellânske See
- Lânseigen fauna yn de Swarte See
- Lânseigen fauna yn de Reade See

