Springe nei ynhâld

Swartkopmies

Ut Wikipedy
swartkopmies
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemiesfûgels (Paridae)
skaaigrize miezen (Poecile)
soarte
Poecile palustris
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel

De swarkopmies (Poecile palustris, synonym: Parus palustris) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e miesfûgels(Paridae).

De fûgel hat likernôch it formaat fan in blaumies en liket wat uterlik oanbelanget in hiel soad op 'e reidmies (Poecile montanus), mar de sang is dúdlik oars. De twa soarten wurde dêrom as twillingsoarten beskôge. By de swartkopmies ûntbrekt de ljochte baan op de earmpinnen. Hy hat in glânzgjende kap en in lytsere swarte slabbe op 'e kiel. De ûnderkant is griiswyt. De fûgel hat in swarte snaffel en blaugrize poaten. Foar it ûnderskied mei de reidmies is it lûd belangryk.

Ferliking swartkopmies en reidmies.

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartkopmies komt yn it grutste part fan Jeropa it hiele jier foar, útsein Ierlân, Yslân, Noard-Skandinaavje, Spanje en Portegal. Swartkopmiezen libje yn leafbosken en mingde bosken, parken en gruttere tunen mei genôch beammen en strûken. It tal briedpearkes yn Nederlân yn 'e perioade 2018-2020 bedroech 14.000-17.000, wylst it oantal oerwinterjende swartkopmiezen op 40.000 oant 50.000 rûsd wurdt. Sûnt 1984 is der yn Nederlân in groei fan 'e populaasje. Yn Fryslân briedt it fûgeltsje fral yn it súdeasten fan 'e provinsje en yn Gaasterlân.

De swartkopmies wurdt ferdield yn tsien ûndersoarten:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e maitiid en iere simmer bestiet it iten benammen út ynsekten, ynsektelarven, spinnen en oare lytse bistkes. Yn 'e lette neisimmer stiet der ek sied op it menu. Se lizze somtiden sels in foarried sied oan tusken beamkoarsten. It is ek in regelmjittige besiker fan foertafels.

Aaikes.

De nêsten wurde boud yn beamholtes of oare natuerlike holtes of yn nêstkasten. It lechsel bestiet út seis oant njoggen wite aaien mei in pear brune plakjes. De briedtiid duorret likernôch 13 dagen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme, mar net sa slim dat de fûgel as bedrige wurdt beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 13,6 en 24,2 miljoen folwoeksen fûgels.

De tebekgong fan 'e soarte wurdt ferklearre troch feroarings yn syn libbensomjouwing. De swartkopmies hat relatyf grutte territoaria, wat him kwetsber makket as it lânskip mear fragmintearre rekket. Om't de soarte sa honkfêst is, wurde lijerige populaasjes ek net oanfolle fanút oare gebieten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: