Springe nei ynhâld

Swartkopljip

Ut Wikipedy
swartkopljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaailjippen (Vanellus)
soarte
Vanellus tectus
Boddaert, 1783
IUCN-status:

De swartkopljip (Vanellus tectus) is in fûgelsoarte yn it fûgelskaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae)

De swartkopljip is in opfallende middelgrutte waadfûgel fan likernôch 25 sintimeter lang. Lykas de namme al seit hat er foar it grutste part in swarte kop, mar de foarholle, it ûnderste diel fan it gesicht en in bân oer de nekke binne wyt. Lykas de gewoane ljip hat er in opfallende túf. De basis fan 'e snaffel en poaten binne read, mar syn snaffel einiget yn in swarte punt. Dêr't de snaffel it gesicht rekket sit in lyts fleizich read plakje. De sturt is wyt mei in swarte einbân. De boppekant fan 'e wjukken hat brune dekfearren, wylst de hânpinnen swart binne. Dêrtusken is by it fleanen in dúdlike wite bân te sjen. De ûnderkant fan 'e wjukken binne wyt mei swarte punten.

De swartkopljip komt súdlik fan 'e Sahara foar yn in gebiet dat fan Senegal oant Etioopje rint. De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

De soarte is benammen in stânfûgel, mar yn it reinseizoen yn Mauretaanje, Maly en Nigearia kin de fûgel migrearje. Bûten it ferspriedingsgebiet wurdt de soarte yn Jordaanje en Israel waarnommen. Genetyske stúdzjes suggerearje dat de kroanljip (Vanellus coronatus) syn neiste sibbe is, dêr't er ek wol mei krúst.

It leefgebiet bestiet út iepen, drûch en flak gebiet mei koart gers en hjir en dêr toarnstrûkjes. De soarte wurdt ek by minsklike delsettings sjoen, lykas sportfjilden of fleanfjilden.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartkopljip is oars as oare ljippen minder bûn oan wetter. It dieet bestiet út ynsekten en harren larven, benammen termiten, krobben, imerkes, wjirms en mychammels. De fûgel briedt yn 'e drûge tiid as der gersbrannen foarkomme, mar de tiid fan it jier ferskilt geografysk sterk.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar de populaasjetrend is net bekend. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: