Swartkopiisfûgel
Swartkopiisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Halcyon pileata | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
De swartkopiisfûgel of swartkapiisfûgel (Halcyon pileatais) in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn tropysk Aazje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartkopiisfûgels wurde likernôch 28 sm lang. De wjukken en rêch binne pearsblau en de kop en skouders swart. Se ha in wite nekkraach en oranjebrune ûnderkanten. De grutte snaffel en de poaten binne read. Yn 'e flecht is op eltse wjuk in grut wyt plak oan 'e basis fan 'e slachpinnen te sjen op 'e blauw-swarte wjukken.
Der binne gjin ferskillen tusken mantsjes en wyfkes, mar de jonge fûgels binne doffer en ha streken op 'e kiel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt fral oantroffen yn 'e buert fan 'e kust yn mangrovebosken en by estuaria en rivieren. It ferspriedingsgebiet leit fan Yndia (ynklusyf de Andamanen en de Nikobaren), Sry Lanka, Koreä, Maleizje, Tailân, Birma, de Rjûkjû-eilannen, Bangladesj, Hainan, de Filipinen, Borneo, Sumatra oant Sulawesi, dêr't se allinne winterdeis foarkomme. Dwaalgasten wurde winterdeis waarnommen yn Pakistan, wylst yn 'e de reintiid de fûgels bûten it wenstige ferspriedingsgebiet folle mear nei it binnenlân migrearje.
Der is in ûndersoarte palawanensis beskreaun, mar oer it generaal wurdt de soarte as monotypysk beskôge sûnder grutte ferskillen yn it hiele ferspriedingsgebiet.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Swartkopiisfûgels sitte opfallend op in stok of stankel om fan dêr nei fisken te dûken. Ek yt de fûgel grutte ynsekten.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It briedseizoen is simmerdeis. It nêst sit yn in ierden wâl en in lechsel bestiet út fjouwer oant fiif rûne, wite aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de soarte in grut ferspriedingsgebiet en de wrâldpopulaasje nei alle gedachten grutter is as 10.000 folwoeksen eksemplaren, wize it ôfnimmen oantal waarnimmings en de besettingsgraad op in tebekrinnen yn heech tempo. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte dêrom as kwetsber klassifisearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Black-capped kingfisher
|
- Echte beamiisfûgel
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tailân