Swartkophoutekster
| swartkophoutekster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Garrulus lanceolatus | ||||||||||||
| Vigors, 1830 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De swartkophoutekster (Garrulus lanceolatus) is in sjongfûgel út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swartkophouteksters wurde 33 sm lang en ha in swarte kop mei lange fearren op 'e kroan dy't er opsette kin. De snaffel is bleek en op 'e kiel hat er wite streken. It bealchje is griisbrún en de wjukken binne meast blau mei in wyt skouderplak. De lange sturt is blau en bandearre.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte komt foar yn 'e Himalaya fan eastlik Afganistan oant Nepal en noardlik Yndia. De fûgel wurdt as monotypyske soarte behannele en wurdt dus net ferdield yn ûndersoarten.
De swartkophoutekster wurdt fyn iepen bosken yn bercheftige gebiet oantroffen op in hichte fan 1500 oant 4000 meter. Winterdeis is de fûgel yn legerlizzende gebieten te finen. Swartkopgaaien wurde ek yn agrarysk gebieten sjoen en hy komt ek by delsettings, dêr't er nei fretten by ôfeart siket.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wurdt faak yn pearkes of lytse groepkes sjoen, somtiden mei oare ekstersoarten oant maksimaal 40 fûgels. De fûgel is in omnivoar en yt ynsekten, plantedielen, lytse hagedissen, aaien, jonge fûgels en wringeleazen. Lykas oare gaaien leit er foarrieden fan ikels of nuten oan foar letter gebrûk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de soarte soe yn it ferspriedingsgebiet frij algemien foarkomme, lykwols minder algemien yn Nepal. Mei't yn it ferspriedingsgebiet der ûntboske wurdt, wurdt der oannommen dat de oantallen tebekrinne, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige wurdt beskôge. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de swartkopgaai de status fan net bedrige (Least Concern, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
