Swartkopgroubekwever
| swartkopgroubekwever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pseudonigrita cabanisi | ||||||||||||
| Fischer, GA & Reichenow, 1884 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De swartkopgroubekwever (Pseudonigrita cabanisi) is in sjongfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae) en ien fan 'e twa soarten yn it skaai groubekwevers (Pseudonigrita). It is in monotypyske soarte, itjinge sizze wol dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopgroubekwever wurdt likernôch 13 sm en weaget 18 oant 24 gram. De fûgel hat in karakteristike swarte kroan, in ivoarkleurige snaffel, oranjereade eagen en in wyteftige kiel. De rêch en wjukken binne brún en de sturt is swartbrún. It boarst en de búk is wyteftich mei in opfallend smel swart streekje midden op it ûnderboarst. De poatsjes binne fleiskleurich.
Lykas by de oare soarte fan it skaai, de skiere groubekwever, is der gjin dúdlik ferskil te sjen tusken mantsjes en wyfkes. Meast binne mantsjes wat grutter en swierder as wyfkes, mar dat is subtyl.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn it suden en sintraal Etioopje en in grut part fan Kenia foar en fierder yn it Somalyske grinsgebiet mei Kenia en it noardeasten fan Tanzania.
It biotoop bestiet út drûge savannes, faak yn gebieten mei strewellen lykas akasia's, meast ûnder hichten fan 1300 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De swartkopgroubekwever is monogaam en briedt yn koloanjes fan in stikmannich oant wol 50 nêsten. Sawol mantsjes as wyfkes bouwe oan 'e bolfoarmige nêsten fan droech gers, dy't oan smelle, ôfhingjende tûken fan beammen fêstmakke wurde. De nêsten hawwe ynearsten twa yngongen. As it wyfke brieden giet wurdt ien fan 'e tagongen mei gers tichtmakke om fijannen bûten te hâlden.
De fûgels ite gerssied, mar ek ynsekten, fral as de fûgel jongen hat.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopgroubekwever hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. Dêrom stiet er op Reade list fan 'e IUCN yn 'e kategory net bedrige (Least Concern, 2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
