Swartkopgoars
| swartkopgoars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza melanocephala | ||||||||||||
| Brandt, 1841 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De swartkopgoars (Emberiza melanocephala) is in fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). De soarte briedt yn it eastlike Middellânske Seegebiet en West-Aazje. Winterdeis lûkt er benammen nei Yndia en omlizzende lannen. By útsondering wurdt de fûgel ek benoarden syn gewoane ferspriedingsgebiet waarnommen, wêrûnder ek op Skier en yn it gebiet fan 'e Lauwersmar.[1]
De swartkopgoars is tige nau besibbe oan 'e brúnkopgoars en is, útsein yn it briedkleed fan it mantsje, yn prinsipe itselde as dy soarte. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopgoars hat in lange sturt en is likernôch 17 sintimeter lang. De snaffel is koanysk en ljochtgriis.
It folwoeksen mantsje hat in giele ûnderkant en in swarte krún. De rêch en de stút binne sûnder streken en readbrún. It fearrekleed fan it wyfke is in blekere fariant fan dat fan it mantsje, mei in ljochtere ûnderkant, in griisbrune rêch en in griiseftige kop.
De jonge fûgel liket op it wyfke. Sawol it wyfke as de jonge fûgel kinne dreech fan 'e nau besibbe brúnkopgoars te ûnderskieden wêze. Lokaal kruse beide soarten meiïnoar.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopgoars is in trekfûgel dy't briedt fan súdeastlik Europa ôf, yn Grikelân, eastlik Itaalje en Turkije, en fierder eastlik oant yn Iran. Mooglik briedt de soarte ek yn it oangrinzgjende Pakistan.
De soarte oerwinteret benammen op it Yndyske subkontinint. By de trek passearje lytse oantallen it Arabyske Skiereilân.
Yn West-Europa en Noard-Afrika is de swartkopgoars seldsum, mar wurdt er geregeld waarnommen. Ek yn Aazje is de soarte bûten it gewoane ferspriedingsgebiet fêststeld, ûnder mear yn 'e omkriten fan 'e Baikalmar. Yn East-Aazje is er benammen waarnommen yn Koreä, súdlik Japan en de Sineeske provinsje Fujian, mar ek yn Tailân, Laos, Hongkong, de Filipinen en op Borneo.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopgoars waard yn 1769 wittenskiplik as soarte beskreaun troch de Italjaanske natoerûndersiker Giovanni Antonio Scopoli. De soartenamme melanocephalus betsjut „swartkop”, fan it Grykske melas (swart) en kephale (kop).
Sibskip en skaaiyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopgoars en de brúnkopgoars binne tige nau besibbe oan inoar. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat se, tegearre mei de túfgoars, in eigen klade foarmje dy't relatyf fier besibbe is oan 'e oare soarten fan it skaai Emberiza. De túfgoars waard fanâlds yn it eigen skaai Melophus pleatst.
Ferskillende taksonomyske autoriteiten binne op twa ferskillende manieren mei dizze resultaten omgien. Meastal wurdt de túfgoars by it skaai Emberiza yndield, wylst oare autoriteiten de swartkopgoars en de brúnkopgoars yn in eigen skaai, Granativora, pleatse.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopgoars briedt yn iepen, strûkrike biotopen en yn lânbougebieten, ornaris fan seenivo oant lokaal 2.000 meter hichte. De fûgel leit yn 'e regel sa'n fjouwer oant seis aaien yn in nêst dat yn in beam of strûk boud wurdt.
Yn 'e tiid dat de jongen fuorre wurde, bestiet it iten benammen út ynsekten. Yn 'e rest fan it jier yt de soarte foaral sied.
De swartkopgoars ferlit de briedgebieten oan 'e ein fan july en yn augustus. De fûgels fleane dan frij streekrjocht nei it súdeasten en kinne al yn augustus of septimber yn 'e oerwinteringsgebieten oankomme. Dêr komme se foar by kultivearre fjilden en yn tichte strûken, dêr't se nachts rêste. Yn maart en april ferlitte se de oerwinteringsgebieten wer en lûke se nei it noardwesten.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkopgoars hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, wêrfan't de ûntwikkeling net dúdlik is. Op grûn dêrfan klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 7,6 en 27,5 miljoen briedende fûgels.
Yn Europa naam de soarte tusken 1970 en 1990 sterk yn tal ôf. Dy efterútgong wurdt yn ferbân brocht mei feroarings yn 'e lânbou, lykas it fuortheljen fan hagen en strûken yn dielen fan it ferspriedingsgebiet, it yntinsive gebrûk fan bestridingsmiddels en feroarings yn it lângebrûk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goars
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Kosovo
