Springe nei ynhâld

Swartkopflaggesturtiisfûgel

Ut Wikipedy
Swartkopflaggesturtiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiflaggesturtiisfûgels (Tanysiptera)
soarte
Tanysiptera nigriceps
Sclater, 1877
IUCN-status: net bedrige

De swartkopflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera nigriceps) is ien fan 'e njoggen fûgelsoarten fan it skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De kleurrike fûgel hat in blauwe sturt mei twa lange wite sturtfearren. De ûnderkant fan 'e fûgel is rustread, de kop is swart en de wjukken binne blau. In wite streek mei swarte rânen rint oer de rêch oant de stút. De snaffel is helder read. Jonge fûgels ha in swarte snaffel en in koartere sturt.

De soarte is endemysk op 'e eilannen fan 'e Bismarckarsjipel en libbet yn fochtige bosken oant in hichte fan 1.560 m.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

Earder waard de swartkopflaggesturtiisfûgel as in ûndersoarte fan 'e Australyske flaggesturtiisfûgel (T. sylvia) en guon autoriteiten dogge dat noch jimmeroan.

De soarte hat net in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de soarte troch biotoopferneatiging tebek rint. Dat giet lykwols net hiel hurd en dêrfandinne stiet de soarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN (2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: