Springe nei ynhâld

Swartkopdwerchpappegaai

Ut Wikipedy
Swartkopdwerchpappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaidwerchpappegaaien (Agapornis)
soarte
Agapornis personatus
Reichenow, 1887
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swartkopdwerchpappegaai (Agapornis personatus) is in fûgelsoarte út it skaai dwerchpappegaaien yn 'e famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea). De soarte waard foar it earst yn 1887 wittenskiplik beskreaun troch de Dútske ornitolooch Anton Reichenow, dy't de fûgel yn Tanzania ûntduts.

Swartkopdwerchpappegaai yn it Nasjonaal Park Tarangire.

De wylde foarm fan 'e 13 oant 17 sintimeter lange swartkopdwerchpappegaai hat in opfallende swarte kop mei om 'e eagen hinne in wite ring. It boarst en de nekke binne felgiel, wylst it lichem en de wjukken fierder grien binne. De fûgel hat in krêftige felreade snaffel en de poaten binne griis. Der besteane yn 'e avikultuer in soad oare kleurfoarmen.

Swartkopdwerchpappegaaien komme oarspronklik foar yn it noardeasten en midden fan Tanzania. De fûgel libbet dêr benammen op savannes, yn net tichte boskgebieten en op ynlânske plato's op hichtes fan 1.100 oant 1.800 meter. Kearngebieten binne nasjonale parken, lykas Tarangire, de Manyaramar en de regio Arusha. Der binne ferwyldere populaasjes yn dielen fan Kenia (Nairobi en Mombasa) en Boerûndy.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaien.

De fûgel nêstelet yn holtes yn beammen, leafst acacia- en baobabbeammen. In nêst bestiet meastentiids út 3 oant 6 wite aaien, dy't om de dei lein wurde. It wyfke briedt de aaien yn likernôch 23 dagen út en it mantsje fuorret it wyfke wylst sy op 'e aaien sit. De jongen komme neaken en blyn út it aai mei oranjeread dons dat letter griis wurdt. Se wurde troch beide âlden fersoarge en fleane nei sa'n 6 oant 7 wiken út it nêst. Yn 'e natuer briede se faak yn koloanjes

It iten bestiet benammen út gerssied en beien.

Yn it ferline hie de soarte slim te lijen fan wyldfang foar de hannel. Hjoed-de-dei is dy wyldfang foar de ynternasjonale hannel sterk ôfnommen om't de fûgel oer de hiele wrâld op grutte skaal yn finzenskip fokt wurdt en der dus minder fraach nei wylde fûgels is. Hybridisaasje troch it loslitten fan oare dwerchpappegaaisoarten dy't as koaifûgel holden waarden, foarmet wol in bedriging. De IUCN klassifisearret de fûgel op it stuit as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.

De fûgel is tige populêr yn 'e avikultuer. It binne sosjale fûgels en se moatte as pearke holden wurde, in fûgel allinnich ûntwikkelet gedrachsproblemen. Twa mantsjes kinne by inoar, mar twa poppen ha faak spul en striideraasje. De fûgels binne aktyf en ha in rom ferbliuw nedich dat frij is fan siichjen, froast en kjeld. It binne yntelliginte fûgels dy't útdagingen nedich ha om ferfeling op te keren. Se ha in fariëarre dieet nedich, dat bestiet út sied of pellets, oanfolle mei griente of fruit. De fûgel moat nea fuorre wurde mei avokado, dy binne fanwegen persine yn 'e frucht deadlik foar de dwerchpappegaaien.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: