Swartkielgraupiper
| swartkielgraupiper | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Prunella atrogularis | ||||||||||||
| Brandt, 1884 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel wintergast |
De swartkielgraupiper (Prunella atrogularis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e graupipers (Prunellidae). De soarte briedt yn bercheftige gebieten yn Aazje, foaral yn it Oeralberchtme en it Altaiberchtme. Populaasjes út it noarden lûke winterdeis nei it súden, oant yn Yndia. De fûgel is in hiel seldsume gast yn West-Europa. De IUCN kwalifisearret de soarte as 'net bedrige' (Least Concern).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De swartkielgraupiper is 13 oant 14,5 sm grut en hat de foar de famylje skaaimerkende, moskeftige lichemsbou mei in slanke, spitse swarte snaffel dy't geskikt is foar it fangen fan ynsekten. De boppekant is brún streke en de ûnderkant bêzjegriis streke; it boarst is sânkleurich oant oranje. Yn 'e briedtiid hat de folwoeksen fûgel in griisswarte krún, in ljochte wynbraustreek (wyt of ljochtsângiel), in swart wang en in swarte kiel. It wang en de kiel wurde skieden troch in smelle, ljochte teamstreek dy't nei de snaffelbasis rint.
Yn 'e hjerst liket de fûgel op 'e berchgraupiper (P. montanella), om't it swart fan 'e kiel en wang minder dúdlik is en de wynbraustreek in mear gielige glâns kriget. Ek fûgels yn it earste winterkleed lykje op 'e berchgraupiper.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn tuskenbeide en subarktyske gebieten fan Aazje, wêrûnder Ruslân, Kazachstan, Oezbekistan, Kirgyzje, Tadzjikistan, Mongoalje en Sina. De meast noardlike populaasjes lûke winterdeis nei it súden; guon ferhúzje nei de súdlike dielen fan it briedgebiet, wylst oaren fierder nei it súden lûke, nei Yndia, Iran, Afganistan, Pakistan en Nepal.
De soarte wurdt ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei elts in eigen ferspriedingsgebiet:
- Prunella atrogularis atrogularis – briedt yn it noardlike diel fan it Oeralberchtme; oerwinteret súdliker oant yn Afganistan en Iran.
- Prunella atrogularis huttoni – briedt yn it Altaiberchtme; oerwinteret súdliker, oant yn Pakistan en Noardeast-Yndia.
DNA-ûndersyk wiist út dat de twa ûndersoarten genetysk sterk faninoar ferskille – yn sa'n mjitte sels dat se mooglik as aparte soarten kwalifisearre wurde kinne. Dat ûndersyk hat lykwols noch net laat ta taksonomyske feroaringen.
De fûgel is in seldsume ferskining bewesten Jeropeesk Ruslân.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swartkielgraupiper docht it goed yn leech, ticht en toarnich strûkguod en mijd iepen gebieten. Yn it Oeralberchtme komt de fûgel foar tusken spjirren yn 'e subalpine sône, mar ek yn lariksbosken en wylgestrûken, wylst de ûndersoarte huttoni sawol yn nulle- as leafbosken en yn jeneverbeistrûken libbet. De soarte briedt fan maaie oant augustus en is nei alle gedachten monogaam. Der wurde trije oant fiif aaien lein yn in komfoarmich nêst yn in beam of strûk – meastentiids in spjirre of jeneverstrûk. It iten bestiet foaral út ynsekten en lytse spinnen, mar ek út wjirms en slakken.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de IUCN kwalifisearre as 'net bedrige' (Least Concern). De populaasjetrend is lykwols net bekend.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Graupiper
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Ruslân
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
