Springe nei ynhâld

Swarte stienpikker

Ut Wikipedy
swarte stienpikker
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaistienpikkers (Arenaria)
soarte
Arenaria melanocephala
Vigors, 1828
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     trochtrekker
     wintergast

Swarte stienpikker (Arenaria melanocephala) is ien fan 'e twa soarten binnen it skaai stienpikkers (Arenaria) dy't allinnich briedt yn Alaska.

Wat de foarm oanbelanget liket de swarte stienpikker op 'e gewoane stienpikker (Arenaria interpres), mar de soarte is wat rûner en knobsker. Hoewol't er trochstrings wat lytser is as de stienpikker (22-25 sintimeter), is er swierder mei in gewicht fan 100-170 gram. De fûgel is foar it grutste part hielendal swart, útsein de búk, ûndersturt en de ûnderkant fan 'e wjukken. Hy hat donkerbrune poaten en in donkergrize snaffel. De wite parten op 'e rêch, sturt en boppekant fan 'e wjukken komme mei dy fan 'e stienpikker oerien. Yn it briedkleed is er wat bûnter en hat er in wyt eachstreekje en in wyt fjild by de snaffelbasis. Syn flechtrop liket op dy fan de stienpikker, mar hat in hegere frekwinsje.

Ofbylden

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swarte stienpikker is in trekfûgel dy't briedt om 'e kusten fan westlik en noardlik Alaska hinne en syn oerwinteringsplakken hat om 'e westkusten fan Noard-Amearika hinne, fan Kanada oant Meksiko. Hy is ek wolris as dwaalgast yn Sibearje waarnommen. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

Nêst.

De swarte stienpikker briedt yn tin begroeide gebieten tichteby kustgreiden en komt faak alle jierren werom op 'e selde plakken. Hy leit aaien fan heal maaie oant ein juny, trije oant fjouwer aaien yn in kûltsje yn dea gers of sigge tichteby wetter. Beide skaaien briede de aaien yn 21-24 dagen út.

De soarte is tige agressyf tsjin rôfdieren en fljocht mear as 100 meter fan syn territoarium ôf om jagers en miuwen fuort te jeien. Winterdeis wurdt er by rotsige kusten lân en op 'e dêrby lizzende strannen sjoen of op troch minsken makke pieren. Hy libbet fan wringeleaze wetterdierjes lykas skaaldieren, seepokken en mûskes.

Status en bedrigings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op grûn fan dizze kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as "net bedrige" (LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 95.000 briedende eksimplaren.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: