Swarte steltklút

Ut Wikipedy
swarte steltklút
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje klútfûgels (Recurvirostridae)
skaai steltkluten (Himantopus)
soarte
Himantopus novaezelandiae
Gould, 1841
IUCN-status: krityk

De swarte steltklút Himantopus novaezelandiae is in slim bedrige soart út de famylje fan de klútfûgels. De 40 sm grutte fûgel, dy't yn Nij-Seelân ek bekend is ûnder de Maoary-namme kakï, is hielendal swart yn de fearren, mei lange reade skonken en in fine swarte snaffel. De jonge fûgels hawwe in tal fan swarte en wite perioaden eart se hielendal swart wurde at se sa'n 18 moanne âld binne.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze fûgelsoart fan Nij-Seelân kaam eartiids foar op it Noardereilân sawol as op it Sudereilân. Hjoed de dei komt er allinnich mar foar yn it streamgebiet fan de Waikiki-rivier op it Sûdereilân. Yn 1999 wie de populaasje ta sa'n 40 fûgels tebekrûn.

Bedrigings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De efterútgong fan de swarte steltklút hat ferskate redenen. De belangrykste is it ynfieren fan nije rôfdieren, lykas wylde katten, troch de Jeropeanen. De omwrâld fan de fûgels wurdt troch de minsk ek nochris feroare troch de oanlis fan wetterkrêft-sintrales. En in lêste grutte bedriging foar de soart is de ferminging mei de gewoane steltklút dy't tsjinwurdich grutter yn tal is as de swarte steltklút. Om't it dreger wurdt foar de Swarte Steltklút om in partner te finen, wurdt de kâns hieltyd grutter dat se mei yn eksimplaar fan de Steltklút in pearke foarmje, wêrtroch it tal fan de swarte steltklút noch fierder werom rint.

It regear fan Nij-Seelân is dwaande in plan út te fieren om earst it tal fan swarte steltkluten yn de natuer te ferheegjen, en dan de kâns fan oerlibjen fan de fûgels te ferbetterjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]