Swarte skoet
| swarte skoet | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cepphus grylle | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De swarte skoet (Cepphus grylle) is in fûgel fan 'e kusten fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan út de famylke alkfûgels (Alcidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Swarte seeskoeten binne 32 oant 38 sm lange seefûgels en se ha in spanwiidte fan 52 oant 58 sm. It briedkleed is hielendal swart mei in wyt plak op 'e wjukken en fierder hat er as de oaren fan it skaai helder reade poatsjes. Yn 'e winter sjocht de fûgel der hiel oars út en is er wyteftich fan ûnder mei bûnte boppedielen en swarte wjukpunten. Der binne gjin ferskillen tusken mantsjes en wyfkes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt ferdield yn fiif ûndersoarten, dy't harren ûnderskiede troch lytse morfologyske ferskillen, lykas de lingte fan 'e wjuk, de lingte fan 'e snaffel en de hoemannichte wyt op 'e wjukken.
- Cepphus grylle mandtii: fan noardeastik Kanada en Spitsbergen oant noardlik Sibearje en noardlik Alaska.
- Cepphus grylle arcticus: fan 'e noardeastlike Feriene Steaten, súdeastlik Kanada en súdlik Grienlân oant de Britske Eilannen, súdlik Skandinaavje en de Wite See.
- Cepphus grylle islandicus: Yslân.
- Cepphus grylle faeroeensis: de Fêreu-eilannen.
- Cepphus grylle grylle: de Eastsee.
De soarte is faak yn ûndjip kustwetter te sjen. De ûndersoarte Cepphus grylle atlantis wurdt ûnregelmjittich oan 'e Noardseekust fan Belgje en Nederlân en ek wol oan 'e Eastseekusten oantroffen. De nominaatfoarm Cepphus grylle grylle is in regelmjittige dwaalgast oan 'e Eastseekust fan Poalen en Dútslân.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte jaget op fisk en wringeleazen. it nêst wurdt boud yn in holte of spjalt yn in klif op by rotsen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In rûzing fan 2012 gyng út fan in populaasje fan 400.000 oant 1.499.999 fûgels. De trend fan 'e soarte is net bekend. Yn Sweden is de soarte foars ôfnommen troch predaasje fan nertsen. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (LC, 2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Seeskoet
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Alaska
