Swarte see-ein
| Swarte see-ein | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jerk Wyfke. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Melanitta nigra | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De swarte see-ein (Melanitta nigra) is in grutte see-ein fan 43 oant 54 sm lang. De fûgel briedt yn it fiere noarden fan Europa en it Palearktyske easten oant de rivier de Olenjok. De Amerikaanske see-ein (Melanitta nigra) út Noard-Amearika en East-Sibearje waard eartiids as in ûndersoarte beskôge.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De jerken binne hielendal swart en de wyfkes binne donkerbrún mei in donkerder krún en ljocht kleure wangen. Jonge fûgels lykje op it wyfke, mar ha doffere kleuren. Swarte see-einen ha in puntige sturt.
De soarte liket op 'e nau besibbe grutte see-ein, mar dy is grutter en swierder. Dêrnjonken ha wyfkes fan 'e grutte see-ein wite plakken op 'e wangen, dy't ûntbrekke by de wyfkes fan 'e swarte see-ein.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swarte see-einen briede yn Noard-Europa, Noard-Aazje en Grienlân op 'e tûndra by marren, rivieren en yn sompen, fral yn Ruslân en Skandinaavje. Utsein yn in diel fan Skotlân en Ierlân is de swarte see-ein in trekfûgel. Bûten de briedtiid libje se oan 'e kust op see. De soarte is in wintergast yn West-Europa oant de kusten fan Afrika ta. Winterdeis komt de fûgel oan 'e Nederlânske kust, fral noardlik fan 'e Waadeilannen, yn grutte oantallen foar.
Iten en brieden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swarte see-einen ite weak- en skelpdieren. De fûgels briede fan maaie oan juny yn koloanjes en lizze fiif oant sân aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje waard yn 2006 op goed ien miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Black scoter
|
- See-ein
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
