Springe nei ynhâld

Swarte reiddomp

Ut Wikipedy
Swarte reiddomp

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireiddompen (Botaurus)
soarte
Botaurus flavicollis
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De swarte reiddomp (Botaurus flavicollis, synonimen Dupetor flavicollis en Ixobrychus flavicollis) is in fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.

Swarte reiddomp yn 'e flecht.

Swarte reiddompen binne middelgrutte fûgels fan likernôch 58 sm mei in opfallende, hast swarte kleur op 'e rêch en kop. De nekke hat oan 'e sydkant in giele streek, dêr't de wittenskiplike namme flavicollis nei ferwiist ("giele nekke"). Syn kiel is witich en it boarst is mei donkere streken.

Wyfkes en juvenilen binne bruner en ha in minder sterk kontrast yn it fearrekleed.

De soarte komt foar yn tropysk Aazje fan Pakistan en Sina oant yn Austraalje.

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

It habitat bestiet út tichte reidfjilden, sompen en mangroves.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swarte reiddompen ite ynsekten, fisk, reptilen en amfibyën. It nêst bestiet út reid en wurdt op 'e grûn of yn beammen boud. It wyfke leit trije oant fiif aaien. Beide âlden fuorje de jongen. Populaasjes yn 'e noardwestlike gebieten, benammen yn Sina, binne migrearjend.

As de fûgel rêst bliuwt er yn tichte fegetaasje. As er fersteurd wurdt geane swarte reiddompen earst net op flecht, mar bliuwe se ferside yn tichtere begroeiïng. Swarte reiddompen binne krêftige fleaners; yn 'e flecht is de kop fier nei efter lutsen.

Om't de fûgel in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet hat, wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. De oantallen rinne lykwols tebek. Yn Austraalje wurdt de fûgel net as bedrige beskôge, mar yn 'e steat Fiktoaria wurdt de fûgel wol as bedrige beskôge. Yn lannen as Singapoer wurdt de fûgel as in net algemiene trekfûgel omskreaun. Bedrigingen foar de soarte binne it drûchlizzen fan sompen foar stedsútwreiding of de oanlis fan rysfjilden, it brûken fan pestisiden yn 'e lânbou en fersteuringen yn 'e ekosystemen lykas it brûken fan wetter foar hûshâldingen of yrrigaasje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: